Ferslach fan de jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang op woansdei 18 febrewaris 2015 de jûns om 8.00 oere yn multifunksjoneelsintrum “De Tysker” te Easterwierrum.

Notulist: Tryntsje van der Meer
Oanwêzich: 38 leden en as gast dhr. Pim Astro, riedslid fan SAM.

1.Iepenjen.
Om 8.00 oere iepent de foarsitter, Anneke Monsma, de gearkomste mei in wolkom en yn it bysûnder de hear Pim Astro,, riedslid SAM.
Berjocht fan behindering is der kommen fan: Joop Bootsma, Petra Miedema en Marja Schotanus. Omt de kaskommisje mar in healoerke oanwêzich wêze kin, wurdt punt 5 fan de wurklist as earste behannele.

5. Ferslach kaskommisje en beneamen nij kaskommisjelid.
Paula Boersma en Sjoerd Sypersma ha de boeken neisjoen en ha de finansjele ferslaggen fan doarpsbelang en de behearskommisje goedkard.
De foarsitter betanket de kaskommisje. Paula Boersma is ôftredend en hjirfoar yn ’t plak stelt Lieuwe Brandenburgh him beskikber.

2. Ferslach jiergearkomste 18 febrewaris 2014.
Der binne gjin op/oanmerkings oer it ferslach.
Der wurdt opmurken dat as jo it ferslach fan de webside printe it wol tige lytse letterkes binne.

3. Jierferslach.
It jierferslach wurdt troch Tryntsje van der Meer foarlêzen en hjiroer binne gjin fragen of opmerkings. Nei oanlieding hjirfan dielt Anneke Monsma mei dat de merkekommisje frege hat dizze hjerst de parren te plukken. De gearkomste stemt hiirmei yn.

4. Finansjele ferslaggen.
Doarpsbelang: Oer 2014 is der in neidielich saldo fan € 90,63. Doarpsbelang hat € 742,- bydroegen oan it 10-jierrich feest fan “De Tysker”. Der is noch in batich saldo fan € 12.355,52.
De finansjele feslaggen fan de jeugdkommisje en de badmintonklup “It Hinne en Wer” wurde trochnaam. Hjiroer binne fierder gjin fragen.
Behearskommisje: Ut de sifers docht bliken dat de omset yn 2014 mei ± € 10.000,- werom rûn is.
Andre Bootsma merkt op dat de ynkeap likernôch gelyk is, mar dat de opbringst tsjinfalt.
By it oerlis tusken Doarpsbelang en de behearskommisje hat dit punt ek oan de oarder west en der is besluten om kritysk te sjen nei it ynkeap-belied. It hat bliken dien dat der sa no en dan heale fusten bier ferlern giene en heal oanbrutsen flessen reade wyn trochspield waarden. Der is besluten om allinne noch by gruttere feesten tapbier te ferkeapjen.
Jan Terra: Ferliene jier is der twa kear ynbrutsen, hoe sit it mei de kosten?
Troch de fersekering is dit folslein fergoede.
Yn in moaie statistyk wurdt de opbringst fan de sinnepanielen en it ferbrûk fan stroom yn byld brocht.

6. Meidielings/ferslach behearskommisje.
Jan Schotanus, foarsitter fan de behearskommisje, leit út dat de behearskommisje in bewogen jier achter de rêch hat. In wurdearre lid, fan it earste oere ôf, Feike Zijlstra, is yn ‘e simmer ferstoarn. De finansjen wurde no folslein troch Djoke Reitsma fersoarge.
Minke Zijlstra hat noch wol it behear oer de kaai fan “De Tysker”, mar omt sy net altyd thús is, is der in reserve-kaai by Hedzer en Julia van der Meer. Der wurdt in buordsje makke, dat sy foar it rút hinget as sy der net is.
Yn 2014 ha wy twa kear mei in ynbraak te meitsjen hân. De ruten yn de grutte seal, dy iepen koene, binne no fêst, sadat sy minder ynbraak gefoelich binne.
Tim van Vegten, dy de technyske saken fersoarge, hat ôfskie nommen fan de behearskommisje en syn taak is oernommen troch Hedzer van der Meer.
It hichtepunt yn 2014 wie it 10-jierrich jubileum fan “De Tysker” Sa ’t út it finansjele ferslach bliken die, koe it finansjeel wol better. It wie de opset om jierliks ± € 10.000,- te reservearjen foar ûnderhâld.
Der wurdt oan wurke om de omset wer wat op te krikken. Der is in Kulturele Kommisje gearstald dy gearwurket mei de Aktiviteiten Kommisje. Wy besykje om sa ek minsken fan bûten Easterwierrum nei “De Tysker” te lûken.
Nei 10 jier binne de hierprizen en de prizen fan de konsumpsjes oanpast.
De lûdsprekkers wiene “opblaasd”, der moasten nije komme en der sit no in begrinzer op.
De losse poadium eleminten foldogge tige goed en mei de skudden dy fan it resthout makke binne kin de seal maklik oanpast wurde.
De rookromte bliuwt in probleem, der wurdt ûndersyk dien nei in permaninte rookromte bûten it gebou.
De frijwilligers is de koark wêrop wy draaie. Der binne 7 groepen, en nije frijwilligers binne altyd wolkom. Fan ‘t maitiid sil der wer in jûn foar harren belein wurde.
De foarsitter betanket Jan foar syn dúdlike útlis.

7. Nije leden.
Der wurdt gjin beswier makke tsjin de nije leden.
Wierd Miedema – Bûtewei 18, fam J. Tuinier – Finne 9, Floris Miedema – Doarpsstrj. 46, Romke Veldman en Ineke Duister – Rydwei 14, Conny Snel en Bea Douma – Bûtewei 20, Jeanine Meijers en Vera Leering – Bûtewei 36, Folkert Faber en Jolanda van der Weide – Fûgelsangleane 3, Mariëlla Bootsma – Singel 3, Tim Houtsma en Ankie van Balen – Rydwei 16 en Sietse Nauta – Tsjerkebuorren 9 wurde mei applaus wolkom hjitten.

8. Bestjoersferkiezing.
Nei 10 jier nimt Auke de Vries ôfskie as bestjoerslid fan de Feriening fan Doarpsbelang.
It bestjoer hat Frank Jorna ree fûn om in sit te nimmen yn it bestjoer en wol ek de taak fan ponghâlder oernimme.
Der binne gjin tsjinkandidaten ynkommen en Frank wurdt dan ek mei algemiene stimmen mei hânopstekken en applaus beneamd.
Anneke betanket Auke foar syn ynset Auke wie altyd oanwêzich en hie in krityske en dúdlike miening. As oantinken oan syn perioade as bestjoerslid kriget er twa kofjeglêzen mei it logo fan Doarpsbelang der yn gravearre, dêrby foege kofje, molke ensfh.
Auke jout oan dat der yn dy tsien jier in soad bard is. Is fan miening dat wy mei-elkoar fierder moatte en fan ûnderen op saken besykje foar elkoar te krijen.

9. Skoft
Tiidens it sjoft en nei ôfrin wurde der foto’s fan allerhande aktiviiteiten yn 2014 presintearre. Dizze foto’s binne makke troch Geart Siesling.

10. Bestjoersmeidielings.
A. Boarterstún.
Der is mei in groep fan 5 minsken breinstoarme oer in nije boarterstún. Der is in plan makke en de kosten hjiirfan binne ± € 40.000,- en hjiryn sit ± € 10.000,- eigen wurksumheid. It materiaal kostet  sa ‘n € 30.000,-, omt dit oan allerhande feilichheidseasken fodwaan moat. De opset is tige breed, der wurdt ek rekken hâlden mei minder falide bern en wurdt in moetingsplak foar jong en âld. Ek in Jeu de Boule-baan is yn it plan opnommen.   De boarterstúnkommisje en doarpsbelang fynt it wichtich om dizze aktiviteiten by elkoar te setten.
Broer Boersma: Wêrom de Jeu de Boule-baan net achter “De Tysker”? Der kin dan gebrûk makke wurde fan de húskes en der kin in bakje kofje/tee dronken wurde.
De foarsitter: “De Tysker” is oerdei sluten en it is net winsklik om dy hjirfoar iepen te dwaan.
Is der in bestjoer foar in Jeu de Boule feriening, wa organisearret dit?
De baan by de boarterstún is in mear sosjaal plak. De grûn achter “De Tysker” is fan de gemeente en dan sil hjirfoar noch in hiele proseduere opstarten wurde moatte. Ek is der subsydzje oanfrege foar it hiele plan, en dit kin net opdield wurde, dan binne wy de taseine subsydzjes kwyt.
Der wurdt frege om oer it plak te stimmen.
Anneke seit ta de Jeu de Boule-baan op ‘e nij yn de kommisje te bepraten.
Der binne al in tal subsydzjes tasein, mar der moat noch ± € 10.000, op it kleed komme.
B. AED-byspikerkursus.
Tineke Altenburg wie tige teloarsteld oer de opkomst yn 2014. 13 útnoegings ferstjoerd, 1 ôfberjocht en 6 kamen net opdagen. Hedzer van der Meer ferûntskuldiget him, hie it fergetten.
Yn april sil Tineke wer in byspikerkursus organisearje. De dielnimmers krije berjocht.
C. Reade Plein.
It plein sjocht der suterich út, stikkene stiennen en smoarge plakken troch in nij-jiersbrân.
De gemeente hat besocht dit swarte plak wat skjin te poetsen, hat de kûlen bywurke en sil de stikkene stiennen ferfange mei de stiennen út de sirkel. Hjiryn komme dan nije.
Hedzer van der Meer merkt op dat de basket dy hjir stiet, eins net brûkt wurdt. Kin dy ek nei in oar plak? Doarpsbelang hat al oan Ids Willemsma frege oft hy beswier hat tsjin ferpleatsing, mar dy makket it net út wêr ’t er stiet. Soe dit dan ek tagelyk kinne, it betonblok moat dan ferfongen wurde.
D. Nije webside.
Meint Miedema en Geart Siesling ha it behear fan de webside. Wizigings kinne ek oan ien fan harren trochjûn wurde.
Meint lit fia de beamer sjen hoe de side wurket en wat der op te finen is. Bedriuwen en ferienings dy der noch net opstean kinne harren melde.
Tryntsje van der Meer freget oft it oersjoch fan de aginda ek oanpast wurde kin, allinne de bysûndere aktiviteiten yn dit oersjoch. Dit en ek it gebrûk fan Ingelske wurden sil nochris besjoen wurde.
De foarsitter betanket de bouwers fan de side. Der is in protte wurk ferset.

11. Omfreegjen.
Hedzer van der Meer: De Slachtemarathon 2016 sil, sa as it no stiet, plakfine op de earste sneon yn juny 2016. (4 juny).
Dominicus Jorna: Wurdt it binnenpaad nei Tsjerkekbuorren ek noch ferhurde? Hjir hat wol sprake fan west. Dominicus seit dat de ruilferkaveling yn 2016 definityf ôfsluten wurdt.
Doarpsbelang hat hjir in oantal kear nei frege by de gemeente, mar sy binne bang dat dit paad troch it swiere materiaal fan de boeren stikken riden wurdt en dat ien en oar fersakket. Wol sil der nije brechjes pleatst wurde.
Dominicus hie ek graach sjoen dat it fytspaad trochlutsen wurdt oant de buorren. Dit hat Doarpsbelang ek by de gemeente oanjûn, mar is ek sneuvele.
Dominicus is fan miening dat de ferkearsdrempel by Ids Willemsma in saak is fan lik my it festje.
Germ Venema: Kin der ek in oare fentilaasje yn de rookromte, en kin it dan ek keppele wurde oan it ljocht?
De knoppen fan de fentilaasje binne sloopt. Foarlopich wurdt der net ynfestearre yn it rookhok, omt der neitocht wurdt oer in oare oplossing.
Jitske Bootsma: De krusing yn ‘e buorren is in akelige krusing.
Dizze is oanlein yn it kader fan shared space. Der wurdt oppere dat in boerd mei “trochgeand ferkear” of haaietosken mooglik in ferbettering wêze kin. Doarpsbelang nimt dit mei.
Lieuwe Brandenburgh: Op 2 maart o.s. is der in start/ynformaasjejûn fan de Enerzjy Koöperaasje Easterwierrum. Hjirby wol hy graach elts útnoegje om op dizze jûn oanwêzich te wêzen.
Maurits Zeinstra: Wa moat it paadsje by skoalle ûnderhâlde? Dit leit der suterich by en ek de Singel kin wol in opknapbeurt ha.
As der stiennen en of tegels skeef lizze kin dit melden wurde by “Klein Leed” by de gemeente. Eltse ynwenner kin dit dwaan. Doarpsbelang hat hjirfoar ek al oandacht frege en doe is der snoeid en tasein dat it better ûnderhâlden wurde sil.
Maurits Zeinstra: Kin doarpsbelang de bewenner fan Doarpsstrjitte 27 ek oansprekke op de rommel?
Dit is in partikuliere wenning en it is net de taak fan Doarpsbelang.
Teatske Siesling: De tegels foar dizze wenning lizze der bryk yn.
Ek dit kin melden wurde by “Klein Leed”

12. Sluten.
Om tweintich oer tsienen slút de foarsitter de gearkomste, betanket elts foar syn ynbring en in wol thús.