Ferslach fan de jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op tiisdei 18 febrewaris 2014 om 20.00 oere yn multifunksjeneelsintrum “De Tysker”.
Notulist: Tryntsje van der Meer
Oanwêzich: 48 leden en as gast Pim Astro – riedslid SAM.
1. Iepenjen.
Om goed acht oere iepent Anneke Monsma de gearkomste mei in wolkom. Der is berjocht fan behindering kommen fan Douwe Boersma en Jan Terra. Yn it skoft en nei ôfrin wurde der âlde foto’s toand dy troch Geart Siesling, Meint Miedema, Piet Boersma en Stephan Kurpershoek sammele en digitalisearre wurde.
2. Ferslach jiergearkomste 12 febrewaris 2013.
Der binne gjin op- oanmerkingen.
3. Jierferslach 2013.
It jierferslach wurdt troch Tryntsje van der Meer foarlêzen. Geart Siesling merkt op dat de webside beheard wurdt troch Meint Miedema en Geart Siesling. Fierder gjin fragen of opmerkings.
4. Finansjele ferslaggen.
Doarpsbelang: It saldo is mei ± € 235,- tebek rûn. Der is lykwols noch in saldo fan € € 12.355,52 De jierrekkens fan de merke, badminton, en de jeugdkommisje wurde fierder foarlein. Dizze oersichten binne ek yn de ledegearkomsten fan dizze ferienings besprutsen. Ut it finansjeel ferslach fan de behearkommsje fan “De Tysker” komt nei foaren dat de omset yn 2013 sa ‘ n € 4.000,- leger wie dan yn 2012. Djoke Reitsma leit út dat der yn 2012 in tal “grutte” partijen west ha en dat de oergong nei de munte-automaat hjiroan debet binne. Alle konsumpsjes ha no de selde priis. De behearkommisje sil dit noch neier útwurkje. Yn 2013 is der troch de oanskaf fan de sinnepanielen, nije rolgerdinen yn it kafee en it grut ûnderhâld fan de flier flink ynfestearre. De ynfestearring fan de sinnepanielen sil him yn de rin fan de jierren weromferstjinje. Mei yngong fan 1 jan. 2014 is der fia Dorpstroom oerstapt nei enerzjy-leveransier Green Choise.
5. Ferslach kaskommisje en beneamen nij kaskommisjelid.
De boeken binne kontrolearre troch Paula Boersma en Hedzer van der Meer. De kaskommisje meldt dat alles klopte as in bus. Hedzer van der Meer is ôftredend en yn syn plak wurdt beneamd Sjoerd Sypersma. De foarsitter betanket de kaskommisje .
6. Meidielings/ferslach behearkommisje.
De foarsitter fan de behearkommisje, Jan Schotanus, fertelt oer de aktiviteiten dy plak fûn ha yn en om “De Tysker”. De Tysker kin draaie op basis fan frijwilligers en oer it generaal giet dit knap. Hjirby docht Jan noch wol in oprop foar nije frijwilligers, 1 kear yn ‘e sân wike moatte jo dan beskikber wêze foar bar-tsjinst. Jo kinne jo opjaan by Marianne Visser. Der is in aparte kommisje foar feesten en partijen. Der hat in grutte himmel-aksje plakfûn. It gebou is yn novimber 2004 yn gebrûk nommen en it 10-jierrich jubileum sil net ûngemurken foarby gean. Marianne Visser en Anneke Monsma sille earst ris “brainstoarmje” oer in programma/aktiviteit. Yn 2013 is der in munte automaat oanskaft. By stoaring kin Marianne Visser of Djoke Reitsma belle wurde. Op it apparaat sit in sticker mei de telefoannûmers. Der sil noch neier sjoen wurde nei de prizen. Yn it kafee binne nije rolgerdienen pleatst. Graach foarsichtich hjirmei omgean. Dit fersyk jildt ek foar de skowand yn de seal. Hedzer van der Meer merkt op, dat net te folle minsken gear moatte oer de skowand, hy is ree om op him te nimmen dizze iepen en ticht te dwaan. Jan soarget foar in sticker mei in telefoannûmer. Op 22 juny binne de sinnepanielen oansluten. Oant no ta is de opbringst rom 8.000 kw. De panielen binne oanskaft op basis fan in rendemint fan 11.000 – 12.000 kw. yn it jier. De flier yn de grutte seal is skjirre, yn ‘e oalje setten en de lijnen binne op nij oanbrocht. Wy ha lêst hân fan heech wetter, der stie hast in meter wetter ûnder it poadium. De oarsaak hjirfan siet yn in dop op in T-stik dy mooglik troch in dikke bui lossketten is. It poadium wie hjirtroch fersetten en de laden binne ferfongen troch trije losse poadium eleminten fan 1.20 m. by 3.00 m. op tsjiltsjes. Sa kin hiel maklik in lyts poadium makke wurde. Yn de romte is in pomp pleatst om foar te kommen dat it wetter wer sa heech komt te stean. Joop Bootsma meldt dat it oare hout brûkt is om 12 sketten fan te meitsjen, wêrmei de grutte fan de seal oanpast wurde kin. Foar de ferwaarming is der in nije thermostaat pleatst. Der binne twa ferwaarmingssystemen. By de thermostaat hinget in gebrûksoanwizing. Jan meldt dat der ek noch in pool-biljet is. Miskien dat der froulju binne dy hjir belanstelling foar ha. De foarsitter betanket Jan foar syn útlis.
7. Foardracht nije leden.
De nije leden Sjoerd de Vries/Jarno Hoogenboom, Jerrit Buist, Jelle Zijlstra, Thedo van der Wal, Jurjen Zijlstra, Fam Y. de Boer en de hear en mefrou G. en W. Hoekstra wurde mei applaus wolkom hjitten. Hjirfan binne de hear en mefrou Hoekstra oanwêzich.
8. Bestjoersferkiezing:
Der binne gjin tsjinkandidaten ynkommen. Stephan Kurpershoek wurdt mei algemiene stimmen mei applaus op nij beneamd.
9. Skoft.
De âlde foto’s wurde mei belangsteling folge.
10. Bestjoersmeidielings:
A. Boarterstún : Der is in kommisje gearstald dy earst ynfentarisearje sil wat wol/net mooglik is en in plan meitsje. Dan sil der jild op it kleed komme moatte en sil hjirfoar by ferskate fûnsen in berop dien wurde.
B. Rotonde krusing Hegedyk – Froonackerdyk : Yn de Froonackerdyk wurde in stik as 6 rotondes pleatst. De oanlis hjirfan begjint oan it oare ein fan de dyk, dizze rotonde wurdt as lêste realisearre.
C. Ferkearsdrompel – Doarpsstrjitte/Tsjerkebuorren : Yn de rin fan maart sil dizze oanlein wurde. De drompel wurdt ± 25 m. lang en 8 sm. heech.
Petra Miedema freget wêrom der allinne oan dizze kant fan it doarp in drompel komt. Oan de oare kanten fan it doarp is der in fersmelling om de snelheid te remjen en hoege der gjin fytsers/kuierders oer te stekken. De oanwêzigen sprekke ek harren soarch út oer it oerstekplak by de Dille. Doarpsbelang hat dit ek al meardere kearen by de gemeente oankaart. Yn it doarp wurdt der ek gauris te hurd riden. Der wurdt in berop dien op de eigen ferantwurdelikens fan de sjauffers. De bjirmen lâns de Hegdyk rjochting Boazum wurde ferriden. Doarpsbelang hie frege om matsjes, mar der is gjin jild. Meldt dit fia Klein Leed by de gemeente. Doarpsbelang sil ek de finger oan ‘ e pols hâlde.
D. De AED-byspikerkursus is op woansdei 16 april. Tineke sil de minsken dy op de list stean hjiroer noch ynljochtsje. As nije dielnimmers melde harren Wytske Hoekstra en Joke Smits. Dielnimmers kinne harren registrearje litte fia www.hartslagnu.nl De gemeente freget frijwilligers foar in sit op it stimburo op woansdei 19 maart foar de gemeenterieds ferkiezing en op tongersdei 22 maaie foar de europeeske ferkiezings. Hjirfoar kinne wy gjin frijwilligers registrearje.
11.Omfreegjen.
Broer Boersma: Wêrom wurde ek de “bejaardehúskes” ferkocht. Ien derfan is no al ferkocht en as wy der aanst sels oan ta binne, kinne wy gjin plak mear fine yn Easterwierrum. De ledegearkomste soe graach sjen dat Doarpsbelang kontakt opnimt mei Elkien en besiket dit werom te draaien. Elkien hie kontakt hân mei Doarpsbelang en wie fan doel allinne de âldere huzen te ferkeapjen en om net in diskussje te krijen oer wat wol en wat net, is der besluten alle hierwenningen earst te keap oan te bieden. Nei in heal jier komme se wer yn de ferhier. Doarpsbelang seit ta hjiroer nochris kontakt op te nimmen mei Elkien.
Koen Eekerk: It is no tsjuster op ‘e hoeke fan de Skuorrehôfwei by Jan Terra nei “De Tysker” Hjir is troch de oanlis fan it bedriuwsterrein in lantearne fuorthelle, der sil noch wer in nije pleatst wurde.
Hedzer van der Meer: It tegelpaad op dy hoeke is rûch wurk. It is net ôf en by de oprit by Jan Terra is dit ek it gefal. Doarpsbelang sil ynformearje by de gemeente wannear dit netsjes ôfwurke wurdt.
Joop Bootsma: De merke kommisje hat in oprop dien foar frijwilligers op22 maart om nije flachjes te meitsjen. Wy kinne noch wol wat snijers brûke. Opjaan kin by Trudy de Vos.
Geart Siesling: It hat hiel lang duorre eart de skoalkrante kaam. Der binne swierrichheden by it buro dat it drukken fersoarget. Skoalle is op syk nei in oare mooglikheid.
Jan Schotanus: De prullebakken bûten binne oan de lytse kant. Der komme nije en wol de rokers freegje de peuken net op ‘e grûn út te traapjen mar graach yn de bakken te dwaan.
Baukje Boersma: De hûnestront bliuwt ek in probleem. Op it paad nei de Dille lizze dikke hopen.
Hedzer van der Meer: Wannear wurdt it fytspaad lâns de Swette bebuorde en wurdt it opnommen yn it knope-plan? It leit yn de bedoeling it paad noch foar de simmer fan buordsjes te foarsjen en as it knopeplan wer oanpast wurdt is der in fersyk dien om dit paad hjiryn op te nimmen.
Hedzer van der Meer: De basket dy op it “Reade Plein” stie, leit achter de hage by Joop Bootsma. Moat dy wol wer op dat plak werom komme, of is it ek in opsje om dizze by “De Tysker” of by it boartersplak te pleatsen? No wurdt der gjin gebrûk fan makke. Foardat dizze ferpleatst wurdt, sil der oerlein wurde moatte mei Ids Willemsma en dêrnei sille wy besjen wat it bêste plak is.
Astrid Miedema: Earder is der al ris praat oer in jeu de boule baan. Sy wol hjirfoar nochris de oandacht freegje. Dizze soe dan ek by “De Tysker” komme moatte.
Joop Bootsma: De mannen fan Empatec ha hjir krekt oan it wurk west, mar de boskjes by skoalle wurdt neat oan dien. De jeugd bout hjir hutten en sleept mei tegels. Wa is ferantwurdelijk foar dit ûnderhâld? Koen Eekerk jout oan dat dit foar skoalle wêze soe.
Joop Bootsma: Warskôget foar de treurwylch oan de Singel. Nei de stoarm lizze hjir losse takken yn.
Bokke Eekerk: De Rydwei is wer “als van ouds”.
Baukje Boersma: Nei de stoarm binne der oan de Rydwei beammen omseage. Komme hjir ek nije foar yn ’t plak en wat bart der mei de stobben? Doarpsbelang seit ta om oer it ûnderhâld kontakt op te nimmen mei de gemeente.
12 en 13 Presintaasje âlde foto’s fanút it doarpsarchyf en sluten. Om tsien oere slút de foarsitter de gearkomste en betanket elts foar syn/har kommen en ynbring. Hjirnei wurde ûnder it genot fan in drankje de âlde foto’s besjoen en bediskusearre.