Ferslach fan de jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op tiisdei 12 febrewaris 2013 om 20.00 oere yn multifunksjoneelsintrum “De Tysker”
Notulist: Tryntsje van der Meer
Oanwêzich: 49 leden.

1.Iepening.

Om goed acht oere iepent foarsitter Anneke Monsma de gearkomste. Nei it skoft sil de hear Johan Bonekamp in koarte taljochting jaan oer de stân fan saken oangeande de R.K-tsjerke.

2. Ferslach jiergearkomste 14 febrewaris 2012.

Hjiroer en nei oanlieding fan binne der gjin fragen en/of opmerkings.

3. Jierferslach 2012.

It jierferlach wurdt troch Tryntsje van der Meer foarlêzen. Nei oanlieding hjirfan merkt Bokke Eekerk op dat de merke yn 2012 plakfûn op 6, 7 en 8 septimber.

4. Finansjele ferslaggen 2012.

Jierrekken doarpsbelang: Der is in posityf saldo op ‘ e bank fan € 12.591,05 en yn kas is der ek noch sa’n € 15,00. Omt de fergaderkosten fan 2010 en 2011 ek noch yn 2012 ôfrekkene binne falle dizze kosten heger út . De boarterstún is ôfkard en yn it kommend jier sil hjir in nij plan foar ûtwikkele wurde. Nei oanlieding fan de opbringst fan de parren wurdt frege wa ’t dit jild krigen hat. Der wie earder ôfpraat dat per toerbeurt in feriening frege wurde soe. Doarpsbelang hat alle war dien om in feriening ree te finen om de parren te plukken, mar neidat dit net slaggge wie hat it bestjoer fan doarpsbelang sels de parren plukt. Teatske Siesling merkt op dat dit fersyk wol tige let by de ferienings , en dan mei namme it korps, dellein is. Auke de Vries hat sa ’ n twa wike fan te foaren in mailtsje nei de foarsitter fan it korps stjoerd, mar dy seagen gjin kâns. De € 200,00 foar de jeugdklup wurdt takom jier op harren eigen rekken stoart. Ek dit nûmer is ûnder de paraplu fan doarpsbelang kommen. Jierrekken behearskommisje: Der is in omset draaid fan ± € 52.000,- It bedriuwsresultaat oer 2012 is sa’n € 12.400,- Germ Venema: De enerzjy-kosten binne € 7.132,- . Wat foar kosten binne dit? Is dit stroom, gas en wetter? Dizze kosten komme elts jier wer. De oanskaf fan sinnepanielen is troch doarpsbelang iensidich ôfblaasd. De panielen kinne wol troch frijwilligers op it dak pleatst wurde en foar de oanskaf kin subsydzje bard wurde. It bestjoer fan doarpsbelang hat in offerte opfrege en ynformaasje oer de subsydzje-mooglikheden foar doarpshuzen/grutferbrûkers opfrege fia Doarpswurk. Op dit stuit binne der noch gjin subsydzjes. Dêrom is ien en oar foarlopich op in sêft sin set. De weromfertsjintiid is sa ‘n 10 jier. Jan Schotanus merkt op dat hy koartlyn heard hat dat de provinsje mooglik dochs wol subsydzje jaan wol.
Paula Boersma: Sy sit yn in wurkgroep “Duorsumheid foar doarpen” en sil ek hjir ris hifkje wat de mooglikheden binne foar sinnepanielen op in doarpshûs. Hjir komt ek enerzjy-foarsjenning troch wynmûnen oan ‘e oarder. It bestjoer fan doarpsbelang seit ta nochris wer ynformaasje yn te winnen oer subsydzje-mooglikheden foar de oanskaf fan sinnepanielen. Fierder wurde ek de jierrekens fan de merkekommisje en de badmintonklup oan de gearkomste foarlein.

5. Ferslach kaskommisje.

Joop Bootsma en Hedzer van der Meer ha de boeken kontrolearre. Joop Bootsma meldt dat de boeken akkoart ferklearre binne en dat it der klasse útseach. Joop Bootsma is ôftredend en wurdt betanke foar syn ynset. Paula Boersma meldt har spontaan om takom jier mei Hedzer van der Meer de kaskontrole te fersoargjen.

6. Foardracht nije leden.

De nije leden: Rina Heemstra en Lolke Wagenaar, Frank Jorna, Yme Postma en Miranda Brouwer, Tessa Bootsma, Bauke Schoustra, Wierd Miedema, Thessa Bergsma, Rianne Melein en G.P. Fopma wurde fan herte wolkom hjitten.

7. Bestjoersferkiezing.

Tryntsje van der Meer is ôftredend en op nij te beneamen. Foar de fakatuere dy ’t fan febrewaris 2012 noch iepenstie hat Tineke Altenburg har ree ferklearre. Der binne gjin tsjinkandidaten ynkaam. Beide froulju wurde mei applaus (op nij) beneamd.

8. Skoft.

9. a. Funksje doarpsbelang. (Ynlaske aginda-punt)

Omt doarpsbelang de lêste jierren hieltyd mear fragen om te bemiddeljen en om gegevens oan de gemeente troch te stjoeren krijt, jout de foarsitter in koarte taljochting oer de taken fan doarpsbelang. Doarpsbelang treedt yn prinsipe net op by konflikten tusken individuen, wol mooglik wol ien en oar trochspylje nei de oanbelangjende ynstansjes. Doarpsbelang is it oansprekpunt foar de gemeente en oare oerheden/ynstânsjes. Doarpsbelang fungearret as trochjou-lûk fanút de gemeente en oarsom. Doarpsbelang behertigt en is fertsjintwurdiger foar it doarp yn saken fan algemien belang. Doarpsbelang wol wol helpe, mar net bemiddelje. Om te bemiddeljen is in lestige saak foar it bestjoer. Germ Venema: Steane nije minsken wol iepen foar de “saamhorigheid” yn in doarp?

9. b. Taljochting Johan Bonekamp H.Wiro-tsjkerke.

Op 20 jannewaris 2013 hat de lêste tsjinst yn de tsjerke west. Salang der net in oare bestimming foar it gebou fûn is bliuwt de tsjerke beskikber foar begraffenissen en troutsjinsten. Der is in kommisje fan behear yn it libben roppen. Hjiryn ha in sit fanút doarpsbelang Auke de Vries en Stephan Kurpershoek en fanút de parochy Jan Terra, Yeb Andela út Britswert en Johan Bonekamp út Wiuwert. Der wurdt socht nei in herbestimming, mar de funksje mei net konkurearjend wurde foar “De Tysker”. It stribjen is om it BIS salang mooglik yn Easterwierrum te hâlden, dit is no yn elts gefal feilich steld oant en mei 2014. De kosten foar it ûnderhâld fan it gebou falle ûnder de nije parochy. Der is stipe fan in wurkgroep fan de provinsje foar in plan fan oanpak en de tsjerke kin kocht wurde.
Theo Melein: Hat der al reaksje west? Johan jout oan dat der ien telefoantsje west hat, mar hoe serieus dit is, is ôfwachtsjen. Klaas-Jan Jorna: Earder joech it bisdom oan de tsjerke slope te wollen. Johan andert dat dit net de ynstek is. De ynstek is in passende bestimming te sykjen. Ek hat der kontakt west mei de gemeente, mar ek dêr is gjin jild. Joop Bootsma: Giet de tsjerke no oer nei de nije parochy? Johan: De parochy fan Easterwierrum is no noch eigner, nei de fusy giet it oer nei de nije parochy. Rintsje de Schiffart: Wurdt de tsjerke ferkocht foar in symboalyske priis? Hoefolle frijheid hat de kommisje? As der in symboalyske priis frege wurdt binne der faaks mear mooglikheden. Johan andert dat dit noch neier besjoen wurde moat. Dit hinget ek ôf fan de fraach. De tsjerke en de pastory wurde wol by-innoar ferkocht. De foarsitter betanket Johan Bonekamp foar syn taljochting.

10. Bestjoersmeidielings.

a. Boarterstún. De boarterstún is foar in grut part ôfkard en dit part is ôfbrutsen. Moat dy wer opboud en hoe moat dy wer opboud wurde? Yn gearwurking mei skoalle? Petra Miedema merkt op dat de bern nei skoaltiid net op it skoalplein meie. Gerben Boersma en Boukje Boersma jouwe oan dat der troch de bern wol in soad gebrûk makke wurdt fan de boarterstún en soene graach sjen dat ien en oar wer opboud wurdt. Soe der fia in stek in ferbining makke wurde kinne tusken it skoalplein en de boarterstún? Tsjitske Bootsma merkt op dat it bestean fan de lytse skoallen ek noch in heikel punt is. Doarpsbelang sil de mooglik- en ûnmooglikheden neier besjen.

b. Nije tsjinstregeling iepenbier ferfier. Doarpsbelang hat in petear hân mei de provinsje oer de tsjinstregeling. Tusken de lêste bus moarns en de earste middeis sit in grut gat en ek de oansluting op de skoaltiden is net alltyd like goed. De provinsje sil besjen oft der in ekstra bus yn dit skoft ynset wurde kin. As dit slagget sil dizze bus tusken 12.30 en 13.00 oere út Ljouwert en Snits ôfsette. Fierder sil der besjoen wurde oft it mooglik is in simmer- en winterregeling yn te fieren. Dêrnjonken is der de mooglikheid fan de opstapper. Hjirfoar moat in oere fan te foaren belle wurde. De kosten hjirfoar binne € 4,00. De provinsje is ek dwaande mei in projekt ”Duurzaam openbaar vervoer”.

c. AED. De lêste herhellingsles wie yn novimber 2011. Tineke is dwaande om in nije herhelingsles te organisearjen yn april. Der is noch in listke mei nammen fan de earste kursus, mar der kinne fansels altyd noch wer nije minsken by. Opjaan kin by Tineke Altenburg. Tineke sil ek ynformearje oft it alarm al ferbûn is mei Burgernet. Yn elts gefal moat altyd earst 112 belle wurde.
Tidens it amtlik oerlis hat doarpsbelang opnij oandacht frege foar de fersmelling Doarpsstrjitte/ Tsjerkebuorren. Der is no in foarstel fan de gemeente kaam om dêr in ferkearsplato te realisearjen fan sa’n 20 meter lang en 8 of 12 sm. heech. De opritten ha in saneamde sinusfoarm. De foarkar fan de gearkomste giet út nei 12 sm. En as it mooglik is wat neier by it oerstekplak. Ek hat doarpsbelang oandacht frege foar it oerstekplak dat aanst op ‘e Dille komt.
Anneke meldt noch efkes de ynsprekjûn fan de gemeente op 6 maart oer de weryndieling. Han Kroes freget oft it bestjoer fan doarpsbelang hjiroer ek in idee hat. Doarpsbelang hat gjin stânpunt, elts kin op dizze jûn foar him/harsels stimme.

11. Omfreegjen.

Hedzer van der Meer: De behearskommisje is dwaande mei in ynternetferbining yn “De Tysker”. Der wie in oanfraach dien foar in telefoanferbining. No docht bliken dat der al in oansluting is en dat der allinne noch mar in nûmer oanfrege hoecht te wurden. Fia de provider (KPN, Ziggo, Telfort) kin dan ek televyzje en WiFi oansluten wurde. Sprekt syn wurdearring út foar de ludike aksje fan de âldjiersploech. Hjir wurdt troch de gearkomste mei applaus op reagearre. Fierder docht er de suggestje oft it ek mooglik is dat de frijwilligers by bygelyks begraffenissen ensfh. gelikens klaaid wurde. Jan Schotanus andert dat dit al de oandacht hat fan de behearskommisje en al dwaande is dit fierder stâl te jaan. Hedzer fan der Meer hat fan it jild fan de Slachte-organisaasje noch ± € 240,- oer. Hy stelt foar om noch € 150,- foar de behearskommisje beskikber te stellen en € 90,- foar de oername fan it spandoek dat earder troch Jo Albert Kooistra oanskaft is. Hjir kin elts him yn fine.

Bokke Eekerk: It hiem fan de wenning Rydwei 16 wurdt liket wol in opslachplak fan âlde auto’s, karren en oare troep. Sa stadichoan begjinne de oare bewenners harren hjir oan te ergerjen. Doarpsbelang advisearret elts om dit te melden by “Elkien”. Ek doarpsbelang sels sil dit nochris dwaan.

Rintsje de Schiffart: It fytspaad nei Klaeiterp wurdt hieltyd smeller. Ek soe er graach sjen dat de bulte modder oan it begjin fan it paad opromme wurdt. Doarpsbelang sil dit melde by de gemeente. Rintsje is fan miening dat it der alles fan hat dat de gemeente de boukavel op ‘e hoeke fan de Rydwei/Bûtewei net ferkeapje wol. De priis fan € 55.000,- is te folle, dizze grûn is neffens Rintsje al lang betelle by de oanlis fan de dyk.
Boukje Boersma: Freget de hûnebesitters de stront op te rêden en de hûnen net los yn ‘e buorren omrinne te litten.

Geart Siesling: Hy hat mei Henneke Nauta de redaksje fan it doarpsdiel fan de skoalkrante oernommen en freget oft de foarige redaksje-leden ek betanke binne. By Betty Visser en Esther Jongste is in bos blommen brocht.

Joop Bootsma: Wurdt it rinpaad lâns de Dilledyk nei it realisearjen fan it fytspaad lâns de Swette ek ferhurde? Dit stiet wol op it ferlanglistke fan de gemeente, mar it jild ûntbrekt.

Jan Terra: Hoe stiet it mei it bedriuwsterrein? Anneke hat fan ‘e moarn noch by de gemeente ynformearre, mar it leit noch by de Ried fan Steat. De útslach wurdt healwei febrewaris ferwachte.
Astrid Boersma: Doe ’t it pjutteboartersplak opheven waard is der meidield dat âlders harren gjin soargen hoegden te meitsjen mar no docht bliken dat der lange wachtlisten binne yn sawol Boazum as Mantgum. Djoke Reitsma jout oan dat sy yn it bestjoer fan Middelsee sit en dit punt meinimt.

12. Sluten.

Om 10.30 oere slút Anneke de gearkomste en betanket elts foar syn/har kommen en ynbring.