Ferslach fan de jiergearkomste fan de Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op tiisdei 14 febrewaris 2012 om 20.00 oere yn multifunksjoneel sintrum “De Tysker”
Notulist: Tryntsje van der Meer.

1. Iepening.

Foardat sy de gearkomste iepent wol foarsitter Anneke Monsma graach efkes stilstean by it sa hommels ferstjerren fan Theo Visser. Theo hat in wichtige rol spile by de bou en ferbou fan “De Tysker”.
In bysûnder wurd fan wolkom is der foar de gasten Pim Astro – riedslid fan SAM en Johan Bonekamp – bestjoerslid fan de R.K. Parochy.
Dizze gearkomste wurdt besocht troch 50 leden.
Ofberjocht is der kaam fan: Douwe Boersma – Ljouwert en Jan Schotanus.

2. Ferslach jiergearkomste 8 febrewaris 2011.

N.o.f. freget Hedzer van der Meer oft der noch aksje ûndernaam is foar sinneskermen.
Gerben Boersma dielt mei dat hjir noch neat mei dien is, mar dat it op ‘e nij op de wurklist fan de behearskommisje pleatst wurde sil.
Fierder jout Hedzer van der Meer oan dat de fernijde webside fan Easterwierrum der moai útsjocht.
Fierder gjin op- of oanmerkings.

3. Jierferslach.

It jierferslach wurdt troch Tryntsje van der Meer foarlêzen.
Nei oanlieding hjirfan jout Geart Siesling oan dat hy mei de Lytse Doarpen Rintocht foto’s nei de webside stjoerd hat, mar hjir neat fan weromfûn hat.
Doarpsbelang sil neifraach dwaan by Ad Grainger.
Broer Boersma freget wêrom ’t de opbringst fan de parren dield is. Hie de keatsferiening net de hiele opbringst hâlde kinnen. Auke de Vries jout oan dat it ferdielen fan de opbringst as in ekstra bron fan ynkomsten foar de oanbelangjende feriening besjoen wurde moat. Elts jier benadert doarpsbelang in oare feriening.
Rintsje de Schiffart freget wêr ’t de kontener dy ‘t oan de peal op it plein hinget wei komt en wa ‘t dizze leget.

4. Finansjele ferslaggen.

Fia de beamer toant Jo Albert Kooistra de finansjele ferslaggen fan de badmintonklup, de merkekommisje, de behearskommisje en doarpsbelang.
It finansjele ferslach fan de behearskommisje wurdt taljochte troch Gerben Boersma.
De gemeentlike belesting springt der út. Dit jier hat der in dûbele oanslach west, dit bedrach giet oer 2010 en 2011.
Rintsje de Schiffart merkt op dat de de feriening fan Doarpsbelang in kaptaal fan ± 12.500,- hat, dat wie yn it ferline wol oars, dat wêrom dan sa skiterich mei it ferdielen fan de opbringst fan de parren.

5. Ferslach kaskommisje.

Joop Bootsma en Jan D. Altenburg ha de boeken neisjoen en Joop Bootsma meldt dat de boeken ynoarder befûn binne.
Jan D. Altenburg is ôfgeand en foar him yn ‘t plak komt Hedzer van der Meer.

6. Foardracht nije leden.

Andries Harshagen en Greet van der Haar – Dille 1, Raerd, Sape Miedema – Doarpsstrjitte 11, Inez Bootsma – Doarpsstrjitte 6, Feike Zijlstra – Fûgelsangleane 5 en Arjen Dijkstra – Skuorrehôfwei 12, wurde mei applaus troch de gearkomste wolkom hjitten.

7. Bestjoersferkiezing.

Jo Albert Kooistra is ôftredend en net op ‘e nij te beneamen.
It bestjoer hat besocht in kandidaat bestjoerslid te finen en dit is oant no ta net slagge en ek hat him foar de gearkomste nimmen meld. It bestjoer sil fierder sykje.
Anneke Monsma betanket Jo Albert foar syn ynset en de goeie gearwurking. Jo Albert hie altyd in dúdlike, wol oertochte miening oer de gong fan saken. Wol moast er sa no en dan oantrune wurde om saken op tiid klear te krijen.
As tank foar syn ynset kriget Jo Albert twa wynglêzen mei in ynskripsje fan it logo fan Doarpsbelang/Easterwierrum.

8. Skoft.

9. Taljochting Johan Bonekamp en Jan Terra op it sluten fan de H. Wiro-tsjerke.

Johan Bonekamp stelt him earst efkes foar en fertelt dat ± 2 jier lyn it bestjoer fan de parochy ta de konklúzje kaam dat de parochy te lyts wurdt en der is doe gearwurking socht mei omlizzende parochys. It bisdom is fan doel om de 81 parochys werom te bringen nei 19. De parochys fan Easterwierrum, Jirnsum, Wytgaard, Wergea en Ljouwert moatte fuseare.
Der binne tefolle gebouwen en de tsjerken fan Jirnsum en Easterwierrum moatte oer sa ‘n 2 jier slute. It parochybestjoer soe de tsjerke wol graach yn stân hâlde wolle foar byg. trouwerijen en begraffenissen. De tsjerke is gjin momumint,
It bestjoer hat al kontakt hân met de Stifitng Alde Fryske Tsjerken. Foar oername troch dy stifting sil der in flinke bruidsskat meinaam wurde moatte. Fierder hat it bestjoer oerlis hân mei de gemeente, dy is fan goede wil mar hat ek gjin jild. Ek hat der oerlis west mei de provinsje. De provinsje jout oan dat der de kommende 10 jier sa ‘n 100 tsjerken leech komme te stean. Der is in Deltatiim oprjochte en ek hjirmei hat oerlis plakfûn. Dit tiim hat oanjûn dat de tsjerke gjin konkurinsje foar de oare foarsjennings yn it doarp wêze mei, mar mear as fersterking tsjinje moatte sil. It parochybestjoer hat om fersterking fanút it doarp frege en Auke de Vries en Stephan Kurpershoek binne ree fûn om mei te tinken.
De parochy is eigner fan de tsjerke mar de tastimming moat ferliend wurde troch it bisdom.
Jan Terra ljochtet ta dat de tsjerke sa ‘n 2 jier lyn opknapt is Wol moat de ferwaarming fernijd wurde. Der is soarch oer de takomst.
Klaas-Jan Jorna: Neffens de krante wurdt it gebou sloopt.
Johan Bonekamp: Dit is noch gjin serieuze opsje en is ek net it earste dêr ’t oan tocht wurdt. De sluting is earst oer ± 2 jier oan ‘e oarder en dan docht it bisdom beslach op de besittings.
Der sil yn earste ynstânsje dochs besocht wurde om in nije bestimming foar it gebou te sykjen, mar op dit stuit is it net maklik om in tsjerke te ferkeapjen.
Yn april hat it parochybestjoer in ferfolch petear.
Johannes Dijkstra – Falt ek de pastory ûnder it bisdom?
Johan Bonekamp: Tsjerke en pastory hearre byelkoar. De foarstellings fan BIS binne oant en mei 2013 garandearre.

10. Taljochting behearskommisje en jeugdkommisje oer harren aktiviteiten en alkoholgebrûk.

Op fersyk fan doarpsbelang ljochtet Gerben Boersma de aktiviteiten fan de behearskommisje ta. Der binne sa ‘n 50 frijwilligers en Gerben makket tagelyk fan de gelegenheid gebrûk om de frijwilligers te betankjen foar harren ynset en docht in oprop foar nije frijwilligers.
De groep frijwilligers wurdt stadichoan lytser.
Hy freget begryp foar de frijwilligers – sy dogge ien en oar frijwillich en stelle harren frije tiid beskikber.
Hy jout oan dat der ûnder de 16 jier gjin alkohol skonken wurde mei en docht in oprop oan de âlderen dat ek sy hjir rekken mei hâlde. Wy moatte hjir meielkoar wach op wêze, want as wy ús net oan de regels hâlde kin dit wolris konsekwinsjes foar de fergunning ha.
Dit jier binne der neist de gewoane aktiviteiten 4 famyljefeesten pland, wêrfan ien frij grutte.
Der komt in wikseling yn de gearstalling fan de behearskommisje: Gerben Boersma en Afke Terra binne nei ôfrin fan it seizoen ôftredend en foar harren yn it plak komme Jan Schotanus en Marianne Visser (dy ’t al meirint) en Djoke Reitsma sil finansjele stipe jaan.
Der sil mear oandacht skonken wurde oan de oplieding fan nije barfrijwilligers en mear ynwurke wurde en ek de minsken dy ’t op de reservelist steane sille ynwurke wurde moatte. De checklist foar hannelingen wurdt bywurke. De persoanen dy ’t achter de bar stean meie gjin alkohol brûke.
Arjen Dijkstra meldt dat der in skoftke lyn in akkefytsje plakfûn hat. De gearkomste is fan miening dat dit net it plak is om dit út te praten en Gerben Boersma is ree om mei beide partijen om ‘e tafel om ien en oar út te praten.
Jan de Schiffart: Hy freget oft de bas fan de muzyk-ynstallaasje wat sachter setten wurde kin. Dit dreunt nochal troch en sy kinne dit thús hearre. Ek freget hy oft de besikers by it ferlitten fan de Tysker yn ‘e nacht wat mear rekken hâlde wolle mei de omwenners.

Pytsje Nauta ljochtet mei stipe fan Bauke Schoustra de aktiviteiten fan de jeugdkommisje ta.
Neist Pytsje sitte Marianne Visser en Wytske Cnossen is dizze kommisje, oanfuld mei in oantal jongeren en stipe fan Sandra Ordelman fan Timpaan.
Ien kear yn ‘e 6 wike organisearje sy in aktiviteit. Dit kin fan alles wêze, meielkoar te bowlen, in sportmiddei/jûn ensfh. It is it doel om in gesellige aktiviteit te organisearjen foar jongeren fan 12 oant 18 jier en harren fan strjitte te hâlden. By dizze aktiviteiten wurdt der gjin alkohol skonken, bûten dat it foar de wet net tastien is, is it gebrûk fan alkohol op jonge leeftyd skealik foar de harsens. Foarich jier hat der in mienskiplike aktiviteit mei de jongerein fan Jorwert en Weidum west en dit is foar herhaling fetber.

11. Bestjoersmeidielings.

a. Fytspaad lâns de Swette.
Der is noch gjin tekening beskikber. It trajekt is wol bekend. Der moat noch grûnûndersyk plakfine. Mooglik dat ein maart it bestek klear is. Der sil noch in ynrin middei/jûn organisearre wurde. De fytsbrêge oer de opfeart wurdt 1.80 m. heech.

b. Fersyk fiskklup oanlis trailerhelling.
Dit fersyk wie ek by Doarpsbelang dellein, mar doarpsbelang hat oanjûn dat sy hjir gjin partij yn binne en it weromkeppele nei de gemeente. De gemeente soe kontakt opnimme mei de bewenners op ‘e Dille. De fiskklup hie in kompleet plan by de gemeente yntsjinne. De bewenners fan de Dille ha negatyf op dit fersyk reagearre.

c. Oerstekplak foar fytsers Doarpsstrjitte/Tsjerkebuorren.
Dominicus Jorna freget oft it fytspaad net ferlingd wurde kin oant it doarp.
Doarpsbelang hie dit ek al oanjûn by de gemeente, mar dan hie it al yn ‘e ruilferkaveling meinaam wurde moatten.
Germ Venema wol graach witte hoe ’t de fersmelling der útkomt te sjen en besjocht de tekening.
Wy hoopje dat no ’t de froast út ‘e grûn is de gemeente meikoarten mei it pleatsen fan de ljochtmêst en de fersmelling úteinsette sil.
Doarpsbelang hat by de gemeente ek oandacht frege foar it oerstekplak foar de fytsers op ‘e Dille nei de realisaasje fan it fytspaad lâns de Swette. Mooglik dat it rinpaad lâns de Dilledyk, as der jild is, ferhurde wurdt foar fytsers.

d. Betsjinning AED.
Jo Albert Kooistra jout oan dat yn gefal fan need altyd earst 112 belle wurde moat. Yn prinsipe kin elts de AED betsjinje mar by foarkar dochs troch de minsken dy ’t hjirfoar in oplieding folge ha. By doarpsbelang is in list fan minsken dy ’t de oplieding folge ha, mar yn it doarp binne mear minsken dy ’t fia harren wurk de AED ek betsjinje kin
Wy wolle de list mei nammen graach útwreidzje en dizze list kin dan by de AED komme te hingjen. De melding fan in oprop fia SMS en burgernet sit noch yn in testfase. Jo Albert sil hjir noch nei ynformearje.

e. Bedriuwsterrein.
Yn de riedsgearkomste fan 23 jannewaris is it bestimmingsplan fan Easterwierrum goedkard. Publikaasje komt noch yn “Op ‘ e Skille”. Dêrnei kin der noch berop yntsjinne wurde by de ofdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan State.

f. Slachtemaraton 16 juny 2012.
Hedzer van der Meer is kontaktpersoan foar dizze happening. De tocht giet dis kear wer nei it noarden dat om likernôch healwei tolven is de drokte yn ús doarp foarby.
De dei komt yn it teken fan kultuer te stean en it soe moai wêze as yn dy earste oere ek yn Easterwierrum wat aktiviteit plakfynt.
Keunstwurk hat ideeën foarme foar dizze dei en Hedzer van der Meer, Auke de Vries en Paula Boersma ha nei dizze gearkomste west.
Foar dizze dei wurde noch in tal frijwilligers socht foar byg. de kultuer, de catering, ferkearsregelaars en wat der mear by komt te sjen. Frijwilligers kinne harren melde.
Oant no ta siet Jo Albert Kooistra ek yn de groep, mar dy hat him weromlutsen.
Marja Schotanus meldt har spontaan.

Tagelyk makket Hedzer van der Meer fan ‘e gelegenheid gebrûk om út namme fan de iiswegensintrale Baarderadiel alle frijwilligers te betankjen foar harren ynset by de Baerderadieltocht op freed 10 febrewaris.

 12. Omfreegjen.

Rintsje de Schiffart: De T-splitsing Doarpsstrjitte – Dilledyk is libbensgefaarlik. Net elk hat yn ‘e gaten dat it ferkear fan de rjochting Weidum – nei de Dilledyk foarrang hat.
Doarpsbelang sil dit punt nochris meinimme nei it amtlik oerlis en besjen oft it nochris by de ferkearskommisje foarlein wurde moat.

Baukje Boersma: Johan sit yn de boarterstúnkommisje en hat in oantal kear wat saken reparearre, mar hjir is gjin ear mear oan te beheljen. Oant no ta hat er noch neat wer heard.
Jo Albert hat alris in lytse start makke foar in fernijing fan it boartersplak en hat tasein dat hy dit projekt noch ôfmeitsje sil. Hy sil oer net al te lange tiid kontakt opnimme mei de kommisje.

Broer Boersma: It fytspaad nei Klaeiterp wurdt stadichoan smeller. Benammen simmerdei is der op ‘e fyts hast net troch it lange gêrs te kommen. It paad falt ûnder it wetterskip en der mei net foar 15 juny meand wurde. De gemeente hat it ûnderhâld útbesteed. Klachten kinne melden wurde ûnder Klein Leed by de gemeente.

Hedzer van der Mear: Earder wie der in iiskommisje. Soe dizze kommisje ek wer nij libben ynblaasd wurde kinne? Doarpsbelang sil ris neigean wa ’t dêr och ynsitte.
Fierder falt it him op dat lâns de Dilledyk de auto’s oan beide kanten parkeard stean, ek yn ‘e berm, dit jout nochal wat spoaren.

Sylvia de Groot: Waarom heeft Dorpsbelang geen advertentie geplaatst na het overlijden van Theo Visser? It bestjoer hat nei soarchfâldich ôfweagjen besluten om allinne by noch sittende bestjoersleden in advertinsje te pleatsen. Dit benammen ek om net ien te ferjitten. It is dreech om yn sokke gefallen in grins te lizzen.
Wol hat doarpsbelang fia in kaart harren meilibben oan de famylje Visser blike litten.
De gearkomste is oer ’t generaal fan miening dat it bestjoer in wol oerwoegen beslút nommen hat.

Klaas Jan Jorna: Yn hoefier hat doarpsbelang ynfloed op it wol as net yn stân hâlden fan de basisskoalle? It pjutteboartersplak is al sluten en hy is bang dat it in kwestje fan tiid is foar de folgjende stap. It plan fan de Gearhing om ien direkteur foar meardere skoallen oan te stellen is weromfluite. De gemeente is ferantwurdelik foar it ûnderhâld fan de gebouwen. Pim Astro jout oan dat oer in pear moanne de gemeente mei in akkomodaasjeplan komt en advisearret dit yn ‘e gaten te hâlden. De gearkomste is bang dat as der minder learkrêften komme de kwaliteit fan it ûnderwiis achterút giet. Ek soe skoalle mear betsjutte kinne by de foar- en neiskoalse opfang

Astrid Miedema: Soe graach sjen dat punten dy ’t ynbrocht wurde wat mear weromkeppele wurde. Hoe stiet it byg. mei de enkête oer it ferlet oan wenningbou? Stephan Kurpershoek jout oan dat meikoarten de groep foar de doarpsfisy wer byinoar komt. Der stean lykwols noch in fiks oantal wenten te keap en de gemeente wol allinne mar “ynbreidzje”

13. Sluten.

It hat alve oere west as de foarsitter de gearkomste slút en elts betanket foar har en syn ynbring.