Ferslach fan de jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op tiisdei 8 febrewaris 2011 om 20.00 oere yn multifunksjoneel sintrum “De Tysker”
Notulist: Tryntsje van der Meer.

1. Iepening.i

Om klokslach acht oere iepent foarsitter Anneke Monsma de gearkomste mei in wolkom oan de oanwêzigen. De presinsjelist giet rûn en wurdt troch 49 minsken tekene.
Der is berjocht fan behindering ynkaam fan:
Jan.D. Altenburg, Djoke Reitsma, Jan en Marja Schotanus en Gerben Boersma.

2. Ferslach jiergearkomste 9 febrewaris 2010.

Hjiroer binne gjin fragen en/of opmerkings.

3. Jierferslach.

It jierferslach wurdt troch skriuwster Tryntsje van der Meer foarlêzen.
Nei oanlieding hjirfan gjin fragen of opmerkings.

4. Finansjele ferslaggen.

Doarpsbelang:
Jo Albert Kooistra, skathâlder, jout in taljochting op it finansjeel oersjoch dat fia de beamer presintearre wurdt. Der is ± 500,- mear oan kontribúsje ynkaam. Dit komt omdat begjin 2010 de kontribúsje fan 2009 ynbard is, en oan de ein fan it jier de kontribúsje fan 2010.
Rintsje de Schiffart freget wêrom ’t de kontribúsje net healwei it jier ynbard wurdt.
Jo Albert Kooistra andert dat neffens de oantekens de kontribúsje achterôf betelle wurdt.
De fergaderkosten wurde 1 kear yn ‘e fiif jier opfierd is dêrtroch heger.
Fan it saldo moat noch ± 5.100,- nei de behearskommisje.

Behearskommisje:
De gearkomste merkt op dat it begjinsaldo net op it oersjoch stiet. Rintsje de Schiffart hat
muoite mei it feit dat der net op de gebouwen ôfskreaun wurdt. Is bang dat dit wolris foar
swierrichheden mei de belestingtsjinst soargje kin.
Maurits Zeinstra is fan miening dat der wol ôfskreaun wurde moat en ek reservearre.
Ut it oersjoch komt nei foaren dat de eksploitaasje fan de Tysker goed rint.

De finansjele ferslaggen fan de merkekomisje en de badmintonklup Hinne en Wer
wurde noch efkes trochrûn.

Finansjeel oersjoch fan de ferbouwing:
Uteinlik is hjir in posityf resultaat fan 5.104,33. Dit jildt kin op in oare wize oan it doarp bestege wurde.
Frans Felkers freget oft dêrfoar ideeën ynlevere wurde kinne.
Doarpsbelang hat hjiroer wol al suggestjes. De boarterstún is nedich oan ferfanging ta, it “Reade Plein” soe wol in opknapbeurt ha kinne. De gearkomste merkt op dat it plein dan earst ris flink skjinmakke wurde moat. Sjocht der nei âld en nij nei it brantsje stoken net út.
Broer Boersma stelt foar om sinneskermen foar “De Tysker” oan te skaffen.
Broer wurdt advisearre dit ek oan de behearskommisje mei te dielen. Dit hat ek al de oandacht fan de behearskomisje.
De skowant yn de grutte seal smyt ek noch altyd swierrichheden op. Mooglik dat ek dêr in part oan bestege wurde kin.

5. Ferslach kaskommisje.

De beide leden fan de kaskommisje (Jan D. Altenburg en Djoke Reitsma) binne net oanwêzich mar ha oan de skathâlder meidield dat de boeken ynoarder wiene.
Djoke Reitsma is ôfgeand en foar har yn ’t plak meldt Joop Bootsma him.

6. Foardracht nije leden.

P.W. Grotenboer – Bûtewei 20,
Sape Miedema – Skuorrehôfwei 8 en Marianne Visser en Peter Venema – Rydwei 2.
Der binne gjin beswieren en sy wurde troch de gearkomste wolkom hjitten.

7. Bestjoersferkiezing.

Anneke Monsma hat 5 jier sitten en is ôftredend. Sy stelt har foar nochris 5 jier beskikber.
Der binne gjin tsjinkandidaten ynkaam. Anneke wurdt mei applaus foar nochris 5 jier beneamd.

8. Skoft.

9. Bestjoersmeidielings / besprekpunten.

Andre Bootsma hat syn funksje yn de boarterstúnkommisje beskikber steld. Wy ha Johan Boersma ree fûn syn plak yn te nimmen. Njonken Johan hat Peter Zijlstra noch in sit yn de boarterstúnkommisje.

a. Underhâld grien.
Doarpsbelang is benadere om te peilen oft der draachflak is om it ûnderhâld fan ferskate perkjes troch it doarp sels fersoargje te litten. De gemeente moat besunigje en 1 april rint it kontrakt dat de gemeente hat foar it ûnderhâld ôf. Foar dizze wurksumheden kin it doarp
± 800,- barre.
De tekeningen dêr ’t op oanjûn stiet om hokker stikken it giet kinne besjoen wurde. Tidens de gearkomste docht bliken dat der gjin draachflak is om sels dit ûnderhâld te fersoargjen en doarpsbelang sil dit oan de gemeente trochjaan.

b. Bedriuweterrein.
It lêste berjocht dat doarpsbelang krigen hat is fan 24 jannewaris 2011.
It plan leit by it stêdeboukundichburo. Easterwierrum hat net de heechste prioriteit. It plan giet no de offisjele rûte yn en dan kinne der sjenswizen ynbrocht wurde. It plan kin dan ynsjoen wurde en dan kin der noch beswier oantekene wurde.
Hedzer van der Meer merkt op dat net allinne doarpbelang hjirmei yn ‘ e slach is en west hat, mar dat ek in oantal ûndernimmers harren hjir foar ynset ha.
Der ha feskate wethâlders mei anneks west en wer nije/oare kommisjeleden.
Johannes Dijkstra; De bewenners fan de Skuorrehôfwei ha in stikje grûn fan it sportfjild kocht en foar ’t dêr in hokje op boud wurde mei, moat earst it bestimmingsplan oanpast wurde.

c. Wenningbou / enkête ferlet fan wenningbou.
Stephan Kurpershoek jout in taljochting op de útslach fan de enkête.
Der hat in respons west fan likernôch 50%.
It foel op dat minsken dy ‘t wat kwyt woene dit ek dúdlik ynfold ha. De konklúzjes fan de enkête wurde meinaam nei de wurkgroep dy ’t dwaande is mei in doarpsprofyl.
Nijbou soe wer wat beweging yn it doarp opsmite. Wol steane der op dit stuit in oantal wennings te keap, mar dat is yn oare doarpen ek it gefal. Sa ’t it no stiet is der ien boukavel beskikber.
De gemeente wol net mear ynvesteare yn lytse doarpen. Sy stjoere oan op in CPO, mar hjirfoar binne kundige minsken nedich. De gemeente wol konkrete nammen op papier.
Stephan Kurpershoek hat fan wenningstichting Elkien fernaam dat der foar Easterwierrum mear fraach nei wennings is as gemiddeld en benammen nei senioarewennings.

d. “Reade Plein”
It plan dat ferline jier troch de plankommisje ûntwurpen wie is troch de gemeente ôfkard.
Fierder hat de gemeente ek gjin jild. Graach soene wy as doarp hjir sels mei oan ‘e slach.
By it lêste oerlis dat doarpsbelang mei de gemeente hân hat ha wy frege om wat mear dúdlikheid oer wat wol en net mei. Wat it doarp sels dwaan kin en wat mooglik noch troch de gemeente bydroegen wurde kin.
Tidens de gearkomste komt nei foaren dat der in stazjere fan de gemeente ynformearre hat nei de plannen foar it “Reade Plein”. Theo Melein hat har de tekeningen oerlange. Hy soe se werom krije, mar oant no ta noch neat wer heard.
Maurits Zeinstra jout oan dat de plannen om sels it plein oan te klaaien en te ûnderhâlden yn tsjinstelling is mei it ôfwizen fan it sels ûnderhâlden fan it grien.

10. Omfreegjen.

Douwe van der Werf:
Y.f.m. de oanlis fan it fytspaad lâns de Swette en de brêge oer de Easterwierrumer Aldfeart hie Douwe frege oft doarpsbelang syn fersyk om de brêge op
2.50 m.te bringen, stypje woe. Doarpsbelang hat hjirta in brief nei de gemeente stjoerd. It andert fan de gemeente is lykwols negatyf. De kosten wurde te heech en dit stik feart leit net oan de Middelseerûte. Douwe is fierder fan miening dat it fytspaad ek better lâns de Hegedyk oanlein wurde kin. It beslút oer de oanlis fan dit paad is net mear om te kearen.
Hedzer van der Meer jout oan dat hy fia de iiswegensintrale noch wol ris besykje wol oft de brêge op 1.80 m. brocht wurde kin. Dit is de hichte fan mear brêgen yn de rûte foar reedriders.

Johannes Dijkstra:
De lêste tiid foel regelmjittich de strjitferljochting oan de Skuorrehôfwei en de Singel út. De storing kin melden wurde fia de site fan de gemeente.

Rintsje de Schiffart:
Auto’s fanút Boazum komme mei folle faart op ‘e krusing mei de Dilledyk oanriden. Dit smyt gefaarlike sitewaasjes op. It giet meast krekt goed.
Jo Albert Kooistra jout oan dat dit krúspunt bewust sa oanlein is, yn it kader fan it shared space.

Geart Siesling:
Hie him oanmelden foar it betsjinjen fan de AED. Hat gjin oprop hân foar de oplieding. Freget him ôf oft er wol op ‘e list stiet? Omt hy al in oplieding folge hie, hoegde hy net op ‘e nij in oplieding te folgjen. Wol stiet hy op de list en sil foar in ferfoloch-oplieding wol berjocht krije.

Joop Bootsma:
In oantal jongeren hie frege oft sy in “keet” op it sportfjild sette mochten.
Doarpsbelang hat hjir negatyf op reagearre omt it belied fan de gemeente der op rjochte is dat sa ’n plak foar de jongerein op partikulier terrein stean moat. De eigners fan it stik grûn wêr ’t sa ‘n keet stiet binne dan ferantwurdelik foar it riden en farren. Der is faker nei sa ’n plakje frege, mar net ien is ree dit op harren hiem of yn de garaazje ta te litten.

Sjoerd Sijpersma:
Yn de âldjiersnacht binne der sa ‘n 80 autobannen op it “Reade Plein” yn ‘e brân stutsen.
Dit hat in ferskrikkelik smoarge troep oplevere. Net allinne it plein sjocht der net út, ek it dak fan syn wenning sit ûnder de swarte oanslach. At der takom jier wer wat opbarnd wurdt, asjeblieft gjin autobannen.
De krystbeam is ek op de bult kaam. Wol binne de lampkes der earst úthelle. In oantal jonges hat wol de oare deis it plein oanfage, mar om it plein goed skjin te meitsjen soe de hegedrukspuit der op moatte.
Hedzer van der Meer merkt op dat it bushokje troch de gemeente wer fuorthelle wie, wylst dat neffens him net nedich west hie.

Jan Terra:
De stekken by it sportfjild binne ferrotte. Wurdt hjir wat oan dien?
Dit punt hat de oandacht fan de behearskommisje.

Tjitske Bootsma:
Sy dielt mei dat sy mei yngong fan 1 maaie 2011 in kofje- en teeskinkerij iepent.

Sylvia de Groot:
Aldjiersnacht binne der saken by har fernield. De dieders ha harren melden en de saak is yn goed oerlis oplost. Sy hat respekt foar de jeugd krigen.

Joop Bootsma:
Hoefolle dielnimmers kinne wy ferwachtsje by de Lytse Doarpen Rintocht?
Meastal dogge der sa ‘n 800 minsken mei oan de tocht. Der kin keazen wurde tusken 25 en 40 km.

11. Sluten.

Om fiif oer tsienen slút de foarsitter de gearkomste.