Ferslach jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op tiisdei 9 febrewaris 2010 om 20.00 oere yn De Tysker
Notulisten: Jo Albert Kooistra en Tryntsje van der Meer.

Iepening

Om goed acht oere iepent Anneke Monsma de gearkomste en hjit in grôtfolle seal wolkom.
In ekstra wurd fan wolkom is der foar boargemaster mefrou Liemburg. De presinsjelist giet rûn en wurdt tekene troch 68 oanwêzigen.

Taljochting boargemaster Liemburg y.f.m. ûndersyk mefrou T. van der Stroom

Foarôf jout Anneke Monsma in koarte weromblik oer de perikelen rûn Doarpsstrjitte 15.
Dêrnei krijt mefrou Liemburg it wurd.
Op 7 maaie 2008 hat der in petear plak fun tusken de fam. Van Breemen, de boargemaster, Rintsje de Schiffart, fertsjintwurdiging fan Doarpsbelang en ek de plysje wie der by belutsen.
It einresultaat fan it petear wie dat Van Breemen him minder ergerje soe, it plein is in publike romte, De Schiffart soe de jeugd benaderje.
Dêrnei wie it yn 2008 rêstich oant âldjiersnacht 2008/2009. Yn dizze nacht binne der leuzen op ‘e muorre fan Doarpsstrjitte 15 ferve. Der is gjin dieder fûn, der is gin bewiis.
Neitiid binne de muorren oerkalke en op ‘e nij oer ferve, û.o. troch de eigner. De ynweneers fan it doarp begongen harren hjiroan te ergerjen en te skamjen.
De gemeente beslút yn oerlis mei doarpsbelang in mediator yn te skeakeljen. Der wurdt in ûnôfhinklik persoan, mei ynlevingsfermogen en op ôfstân yn de persoan fan mefrou Tine van der Stroom oansteld., eardere boargemaster fan Heemstede.
Mediation betsjut net weromsjen, mar hoe fierder yn ‘e takomst. Kenmerken binne: oplossing rjochte en fertroulik.

Der hat in petear plakfûn met doarpsbelang en de fam Van Breemen.
Dêrnei is der hûs oan hûs in brief besoarge en hjirop is in soad reaksje kaam, sawol mei petearen op it gemeentehûs, telefoanysk as skriftlik.
Fierder in petear mei de jeugd, foar de hear Van Breemen kaam dit te gau. Hjir wiene fierder Douwe de Bildt (ûnderwizer) en Jos Bakker (gemeente) oanwêzich. Yn in letter stadium hat der noch in petear west mei mefr. Van Breemen en in delegaasje fan de jeugd en mefr. Van der Stroom.
De konlúzje fan mefr. Van der Stroom is dat it probleem eins net op te lossen is.
It doarp hat in sletten kultuer, je moat je oanpasse om der by te hearen. Tagelyk is der ek oapassingsfermogen fan it doarp needsaaklik. Fan wjerskanten moat de wil der wêze.
Op 15 oktober 2009 hat mefr. Van der Stroom har befinings yn in brief oan it doarp kenber makke, Dit hat op ‘e nij ta ferskate reaksjes laat.

Aksjes fan gemeente:
Exit-petearen hâlde mei minsken dy ’t it doarp ferlitten ha.
Miening hifke by doarpsbelang.
Der moat mear praat wurde. De gemeente moat en wol helpe. Doarp hat rjocht op eigen kultuer.
De enerzjy omsette yn positive saken.
Johannes Dijkstra is fan miening dat it negative byld de oerhân hat.
De hear Van Vegten wennet hjir no 3 jier en jout oan dat der gjin problemen binne mei it doarp, jo moatte je in bytsje oanpasse.
Maurits Zeinstra merkt op dat wy dochs net ta in oplossing komme en jout oan dat wy dit mar achter ús litte moatte en ôfslute. Marja Schotanus seit dat de fam.Van Breemen by de ynrjochting fan de Tysker in positive bydrage levere ha.

Ferslach jiergearkomste 9 febrewaris 2009

It ferslach stiet op de webside en koe by skriuwer Tryntsje van der Meer ophelle.wurde.
Fan dit lêste is gjin gebrûk makke.Der binne gjin opmerkings en it ferslach wurdt goedkard.

Jierferslach 2009

Tryntsje van der Meer lêst it ferslach foar. De titel fan it jubileumboek moat “ 100 jier Ons Ideaal Easterwierrum” wêze.

It ferslach:

Op Nijjiersdei waarden wy konfrontearre mei in bekladde muorre fan it eardere kafee, Doarpsstrjitte 15.
Doarpsbelang hat yn in brief oan de famylje Van Breemen witte litten dizze aksje te feroardieljen.
Yn ‘e rin fan de maitiid ha der nei oanlieding fan dizze aksje petearen plakfûn tusken de gemeente, in ôffurdiging fan Doarpsbelang en inkele doarpsgenoaten. Op ynisjatyf fan de gemeente is der yn july in mediator oansteld.
Dizze mediator, mefrou T. van der Stroom, hat earst petearen hân mei de gemeente, de famylje Van Breemen en doarpsbelang. Dêrnei hat sy de ynwenners útnoege om mei har yn petear te gean. Hjirop is goed reagearre. Yn in letter stadium hat sy de jongerein útnoege. Leafst 25 jongeren hiene oan har útnoeging gehoar jûn. Dêrnei hat sy noch mei de fam. Van Breemen en in ôffurdiging fan de jongerein praat. Nei ôfrin fan har aktiviteiten hat doarpsbelang noch in ôfrûnend petear mei har hân en hat sy har konklúzjes oan it doarp en de gemeente per brief kenber makke.

Op moandei 9 febrewaris 2009 wie de jiergearkomste fan Doarpsbelang.
Tjitske Bootsma hie har termyn der opsitten en wie net op ‘e nij beskikber. Stephan Kurpershoek wurdt mei algemiene stimmen oannommen as bestjoerslid. Hjirtroch is der in nije rolferdieling binnen it bestjoer. Anneke Monsma wurdt foarsitter en Jo-Albert Kooistra nimt de jildsaken foar syn rekken.

Op 17 maart 2009 hat der bestjoerlik oerlis mei de gemeente west.
Saken dy ’t oan ‘e oarder west ha binne:
Stân fan saken bedriuweterrein en wenningbou
It paad nei Tsjerkebuorren, achter de Tysker.
De ynrjrochting fan it Reade plein.
Tidens dit oerlis waard dúdlik dat de gemeente allinne noch by konkrete belangstelling maatwerk leverje wol foar mooglike wenningbou. Der sil op ‘e nij socht wurde nei geskikte lokaasjes foar nijbou.
Nei oanlieding hjirfan ha wethâlder mefrou Froukje Hernamdt en de hear F. Stadhouder in kuier troch it doarp makke om te besjen oft der binnen de doarpskom ek noch mooglikheden binne foar partikuliere bou.

Op 30 april is der keatst en de jûns is der muzyk mei “BonBonbon”
De opkomst op dizze jûn liet te winskjen oer.

Yn ‘e rin fan de maitiid is de finansjele kommisje foar de útwreiding fan de Tysker nij libben ynblaased.
Hjiryn ha in sit naam: Jan D. Altenburg, Lieuwe Brandenburg, Esther Jongste, Anneke Monsma, Marja Schotanus en Auke de Vries.
Yn juny is de boukommisje ynstallearre.
Hjiryn ha in sit naam:
Theo Visser (foarsitter), Julius Galama, Rintsje de Boer, Hedzer van der Meer en Jo Albert Kooistra (skathâlder).
Yn augustus hat der ûndersyk plakfûn nei de akoestyk. Hjirfan ha wy yn septimber in ferslach mei oanbefellings foar in ferbettering krigen.
Der komt in nije berging, foar opslach fan de materialen fan it korps, de pjutten en tafels en stuollen. Dizze berging is fanút de grutte seal te berikken. Yn de berging achter de keuken komt de drankfoarried. De akoestyk is oanpakt, de ferwaarming oanpast en der is ekstra sfearferljochting oanbrocht. Yn ‘e rin fan 2009 is de bestjoerskeamer geskikt makke as rokersromte.

Op 10, 11 en 12 septimber wie de jierlikse merke. Dit jier wie it tema” “100-jier alvestêdetocht”. De merkekommisje hie goed harren bêst dien en de organisaasje rûn dan ek as ’t spoar. Hast elkenien is fersjoen fan in reade sjaal, mûtse en/of wanten fan in bekend bearenburch merk. Doarpsbelang hat de merkekommisje hjirfoar betanke mei in attinsje.

Mids septimber is de namme fan de nije strjitte bekend makke. De strjitte fan it bedriuweterrein kriget de namme “De Eker”. Dizze namme wie betocht troch Julius Galama.
Doarpsbelang hat him hjirfoar in blomke brocht.

Op 3 oktober wie it 100-jierrich jubileum fan “Ons Ideaal” mei hjiroan fêstkeppele in doarpsreüny. De dei waard iepene troch boargemaster Liemburg mei de oanbieding fan it boek “100-jier Ons Ideaal- Easterwierrum”. Der wie in útstalling yn de herfoarme tsjerke en middeis wie der in optreden fan it korps mei de drumband fan Weidum troch de buorren. Jûns wie der noch in konsert fan “Ons Ideaal” wêrfan in part mei âld-leden. Dizze jûn waard it muzykstik “De Tysker” spesjaal troch Menno Haantjes, de dirigent, komponearre foar it earst oer it fuotljocht brocht.

Op 17 oktober binne de parren fan de beammen oan de Doarpsstrjitte wer plukt. Dis kear mei stipe fan de jongerein. De helte fan de opbringst giet nei de jeugdklup

Op 26 oktober wie it jierlikse amtlik oerlis.
Op ‘e nij is hjir praat oer it bedriuweterrein en dan benammen oer de kommunikaasje hjiroer.
Fierder hat wenningbou, it paad lâns de Dilledyk en it paad achter de Tysker nei Tsjerkebuorren oan ‘e oarder west. By dit oerlis ha wy de begrutting foar de oanklaaiing fan it Reade Plein oanbean.
Op it paad lâns de Dilledyk binne neitiid al rillegau skulpen lein.
De gemeente dielde dêr ek mei dat m.y.f. 1 jannewaris 2010 de miljeuparkjes opheven wurde.
Op fersyk fan de fa. Bootsma, sil dit plak geskikt makke wurde as parkearterreintsje.

Op 19 november hat doarpsbelang meidien oan de gemeentlike kwisjûn yn Wommels.
Easterwierrum helle de heale finale.

Yn desimber wie it “Reade Plein” wer feestlik oanklaaid mei in Krystbeam dy ’t beskikber steld wie troch de firma’s Bootsma, Van der Meer en Sijpersma.

Finansjele ferslaggen

De finansjele ferslaggen fan doarpsbelang, de behearskommisje en de merkekommisje wurde fia de beamer presintearre.
De stân fan saken is posityf. Der binne al ferskate subsydzjes y.f.m. de ferbouwing fan De Tysker binnen, der moatte noch in oantal rekkens betelle wurde. De rekkens foar it oanfreegjen fan it lêste subsydzjejild kinne opsteld wurde. Ek de finansjen fan de behearskommisje steane der goed foar.
Omt de merke goed buorke hie, hat de merkekommisje op 2 jannewaris 2010 in nijjiersboarrel organisearre.

Ferslach kaskommisje

Theo Visser en Djoke Reitsma ha de boeken neisjoen en ha dy prima ynoarder befûn.
Theo Visser hat twa jier yn de kaskommisje sitten en wurdt ferfongen troch Jan D. Altenburg.

Foardracht nije leden

Remco Altenburg – Tsjerkepaed 3, Linda Boersma – Tsjerkebuorren 3, Nynke Dijkstra – Skuorrehôfwei 14 en Hidde de Vries – Doarpsstrjitte 44.
Der binne gjin beswieren en de gearkomste hjit de nije leden fan herte wolkom.

Bestjoersferkiezing

Der binne gjin tsjinkadidaten ynkaam. Auke de Vries wurdt mei algemiene stimmen en applaus op ‘e nij beneamd.

Skoft

Bestjoersmeidielings/besprekpunten

a. Utwreiding “De Tysker”.
Theo Visser jout in taljochting. De ferbouwing rint as it spoar. De repetysjes fan it Berne-iepenloftspul kaam de boukommisje wol wat oer it mad, mar om en de by de Krystdagen is der in soad wurk ferset. It is no oan de ôfwurking ta.
Der binne noch sa ‘n 60 tegels en in oantal stoeprânen nedich. Wouter Kramer hat noch wol 60 tegels te stean en biedt dizze oan.
Fierder wurde der noch skjinmakkers frege, foar as aanst de ferbouwing rûn is. Hjirfoar sil in oprop yn de skoalkrante pleatst wurde.

b. Behearskommisje.
De bestjoerskeamer is ree makke as rokersromte. Der meie gjin konsumpsjes meinaam wurde nei dizze romte.
De ferwaarming yn ‘e seal is oanpast, de blowers binne ferfongen troch radiators.
Wim Terpstra en Auke de Vries ha te kennen jûn oan ‘e ein fan dit seizoen te stopjen as behearskommisje-lid. Der wurdt in oprop dien foar nije leden. Sylvia de Groot meldt har spontaan oan.
Hedzer van der Meer fynt it spitch dat de link doarpsbelang – behearskommisje aanst ferfalt.
Fanút de gearkomste wurdt de suggestje dien om de bestjoersleden fan Doarpsbelang rûleare te litten by de gearkomsten fan de behearskommisje,
No ’ t der mear berchromte is freget Joop Bootsma oft der ek heakjes foar it ophingjen fan de klean en in bankje yn de klaaikeamers komme kin. Dit wurdt meinaam. Ek de dûsen kinne aanst brûkt wurde.
Der binne 250 nije stuollen oanskaft en binne jûn ek al yn gebrûk.
Maurits Zeinstra freget oft der ek in tafeltennistafel is. It blykt dat dizze der wol west hat, mar y.f.m. romtegebrek ferkocht is. Maurits Zeinstra hat noch in sa goed as nijenien stean en biedt dizze oan.

c. Oanskaf AED.
De gemeente jout foar ien kear in subsydzje foar de oanskaf fan in AED. Doarpsbelang hat hjirop ynskreaun. It doarp moat sels foar ûnderhâld en oplieding soargje. Kosten likernôch 600,- euro yn ‘e twa jier.
Om dit apparaat te betsjinjen wurde frijwilligers frege dy’ t al in oplieding hjirfoar dien ha en dy ’t hjirfoar noch oplieden wurde wolle.
Om oplieden te wurden melde harren: Adri Abbing, Paula de Boer, Tjitske Bootsma, Sylvia de Groot, Wouter Kramer, Tine van der Meer, Jitske Miedema, Petra Miedema en Germ Venema.
Persoanen dy ’t al in oplieding hân ha binne: Tineke Altenburg, Manfred van der Meer en Geart Siesling.
Der sil ok noch in oprop yn de skoalkrante pleatst wurde.

d. Bedriuweterrein.
Hjiroer is gjin nijs te melden. As der gjin beswieren komme, soe fan ’ t hjerst it terrein bouryp makke wurde kinne. Doarpsbelang hâldt de finger oan ‘e pols.

e. Wenningbou.
Doarpsbelang is noch yn petear mei wethâlder Froukje Hernamdt. Der sil noch foar de ferkiezings in petear plakfine.

f. “Reade Plein”.
It plan mei begrutting is by de gemeente yntsjinne. Dêroer is fierder noch gjin nijs.

Omfreegjen

Broer Boersma – De nijjiersboarrel fan de merke wie foar persoanen fan de basisskoalle ôf,
dochs wiene hjir ek lytsere bern.
Sito de Jong leit út dat it feest foar elk wie, mar dat der fan 12 jier ôf betelle wurde moast.

Adrie Abbing – It foel op dat de strjitten yn de buorren sniefrij makke wiene. Us wurdearring is op syn plak.

Rein Weiland – Fynt it spitich dat doarpsbelang neat oanbean hat oan “Ons Ideaal’ mei harren jubileum.
Doarpsbelang hat lykwols wol in jildlike bydrage levere, mar dit hie wol ûnderstreke wurde kinnen mei in wurdsje op it feest. Foar in oare kear sil it bestjoer hjir rekken mei hâlde.
Fierder freget Rein Weiland wat der bart/barre sil mei it hûs dêr ’t earder frou Groen wenne.

Hedzer van der Meer – De krystbeam op it “Reade Plein” mei lampkes is oant nei de jierwiksel stean bleaun. Kompliminten. De gemeente hie wol it bushokje fuorthelle. Soe dit takom jier ek stean bliuwe kinne?

Gerlof Miedema – Hat sels al in pear kear by de gemeente frege oft de kanten fan de dyk oan de Boazumerkant ek ferstevige wurde kinne. Oant no ta nul op it rekest. Hy freget oft Doarpsbelang hjir ek noch ris wurk fan meisje wol.

Jan D. Altenburg – Stelt foar om in doarpsvisie op te stellen. Hy stelt him beskikber om hjiroan mei te wurkjen. Fierder melde harren hjirfoar spontaan oan: Theo Visser en Germ Venema.

Joop Bootsma – De nijjiersboarrel fan de merkekommisje hat goed foldien, Kin takom jier wol wer.

Jacqueline Stoelinga – Wannear wurdt it paad achter De Tysker oanlein?
De gemeente is fan doel dit dizze maitiid oan te pakken.

Auke de Vries – Der wurde noch frijwilligers socht foar it snoeien fan de parrebeammen oan de Doarpsstrjitte.

Sluten

Om 22.20 oere slút de foarsitter de gearkomste en betanket elts foar syn/har ynbring.