Ferslach fan de jiergearkomste fan Doarpsbelang Easterwierrum op 12 februaris 2008 om 20:00 oere yn de Tysker.
Iepening
Foarsitter Tjitske Bootsma iepent goed acht oere de gearkomste en hjit 36 oanwêzigen fan herte wolkom.
Bestjoerslid Jo Albert Kooistra is behindere.
Ferslach jiergearkomste 13 febrewaris 2007
Omdat it ferslach op de website stiet, is der besluten dit net foar te lêzen. Nei oanlieding fan it ferslach binne der gjin op of oanmerkingen.
Jierferslach skriuwster
Dan wurdt it jierferslach foarlêzen. Ek hjir binne fierder gjin opmerkingen oer.
Finansjele ferslaggen
Elkenien hat in oersjoch fan de finansjele ferslaggen
Bettie Visser freget wat de € 158,- fan de merkekommisje is. Dit is jild dat brûkt is as betankjes foar de merkekommisje.
Hedzer van der Meer freget wêrom ‘t der jild fan de fersekering binnenkomt en letter wer útgiet. Gerben Boersma leit út dat dit te meitsjen hat mei de premy oanspraaklikheid. Dizze premy is troch de behearskommisje betelle, mar soe eins troch alle ferienings dy’t ûnder de wjukken fan Doarpsbelang falle ferdield wurde moatte. De rekken fan dizze fersekering sil yn de takomst nei rato ferdield wurde ûnder de ferskate ferienings en sil net wer op de aginda komme.
Rinstje de Schiffart fynt it frjemd dat de ôfskriuwing fan it gebou altyd itselde bliuwt.
Ferslach kaskommisjes en beneamen nij kaskommisjelid
De kaskommisje fynt dat de ferslaggen der goed útsjogge. De skathâlder en de kaskommisje wurde betanke. Ofgeand kaskommisjelid is Rintsje de Schiffart. Theo Visser is ree fûn om dit oer te nimmen.
Foardracht nije leden.
Op de útnoeging fan de gearkomste stean de nije leden. Tjitske beneamt de nije leden en der wurdt útlein wêr ‘t se wenje. De foarsitter hjit se fan herte wolkom en se binne fan no ôf lid.
6. Bestjoersferkiezing
Ofgeand bestjoerslid is Paula Boersma. Kandidaat foar is it bestjoer is Tryntsje van der Meer. Der binne gjin tsjinkandidaten, Tryntsje van der Meer wurdt fan herte wolkom hjitten.
SKOFT
7. Bestjoersmeidielings / besprekpunten
Amtlik oerlis 27 septimber 2007:
De foarsitter beneamt de ûnderwerpen dy ‘t besprutsen binne.
It rinpaad nei de Dille is ûndertusken oanlein, de berm moat noch sljuchte wurde. Dit sil dien wurde troch de frijwilligers dy ‘t it paad ek oanlein ha. Neffens Rintsje de Schiffart is troch de gemeente-auto de ein fan it paad fernield. Auke de Vries seit dat dit by lyts leed melden wurde kin.
It ûnderhâld fan de strjitte oan de Doarpsstrjitte sil oanpakt wurde. Geert Siesling soe graach pealtsjes op ‘e stoepe sjen omt frachtweinen dizze stoepe ferniele. Broer Boersma soe graach in parkearferbod oan ien kant fan de dyk ha wolle.
Yn it skoft hat elk de tekening fan de útwreiding fan de Tysker besjen kinnen. Foarsitter leit út dat it kadaster west hat yn te mjittenen en dat de bou- en finansjelekommisje starten binne. Nei de merke kin de bou los.
Bestimmingsplan: De foarsitter fertelt dat de provinsje gjin beswier makke hat tsjin de plannen. It is net bekend wannear it plan fan start giet. Johannes Dijkstra beneamt de minne akoestyk tidens de repetysjes fan it korps. Foarsitter hat in artikel út de krante meinommen wêryn stiet dat der plannen binne dat de gelûdseasken foar onfersterke muzyk ferfalle. Dit soe betsjutte dat it gebou net isolearre hoecht te wurden en der mear jild bestege wurde kin foar in goeie akoestyk.
Werynrjochting reade plein. Foarsitter seit dat de gemeente dwaande is mei in projekt “Doarpen yn grien”. Yn dit projekt wurdt der ek oan Easterwierrum tocht. Om it wat smûker te meitsjen wurdt tocht oan beplanting op en om it reade plein.
Neffens Hedzer van der Meer stean de “bollen” foar it âlde kafee net op it goeie plak. De bollen stean tefolle nei de dyk ta wêrtroch û.o. frachtferkear de bocht net goed nimme kin. De gemeente hat tasein de bollen te ferpleatsen mar dit is noch net bard. Doarpbelang sil nei de gemeente reageare. Rintsje de Schiffart en Hedzer van der Meer merke op dat it op ‘t heden rêstich is mei de jeugd op it reade plein. Der binne gjin klachten.
Bushokje. Undertusken stiet it bushokje wer op it âlde plak. In skoftke sûnder dak, mar ek dat sit der wer op. Hedzer van der Meer fynt it jammer dat de aktiviteiten kommisje plakkaten yn it hokje plakt. Dit soe yn it meidielingekastje en/of by him yn de winkel hingje kinne.
De foarsitter jout Hedzer van der Meer it wurd om it ien en oar oer de slachtemarathon te fertellen. Hedzer fertelt dat hy dit jier kontaktpersoan (dykmaster) fan Easterwierrum is. Yn it koart leit er út wat de bedoeling yn Easterwierrum is en dat der inkele aktiviteiten organisearre wurde moatte. Sjoerd Sijpersma freget him ôf oft der no ek wer neat fan de organisaasje heart. De dyk by de pomp moat ticht en dêrtroch kinne der gjin klanten by de pomp komme.
Dan jout de foarsitter Albert Stoelinga it wurd. Albert Stoelinga en Rintsje de Schiffart binne dwaande it Heechhout oer de Easterwierrumer Ald feart werom te krijen. Omdat de gemeente in jier lang gjin reaksje op in brief jûn hat, hat Albert Stoelinga in klachtenformulier skreaun, wer ‘t wol op reagearre is. Under inkele foarwaarden is de gemeente ree om mei te wurkjen oan it werom pleatsen fan it Heechhout. De gemeente is fan miening dat it brechje net op it âlde plak werom kin, omt dy grûn net fan de gemeente is. Albert Stoelinga seit dat dit net wier is. Der is rjocht fan paad oer it Heechhout en it rinpaad dat der earder wie.. Theo Visser soe it Heechhout graach foar de betonbrêge ha, dan hast der in moaier sicht fanút it doarp op. Neffens Theo Visser is yn it ferline dit ek sa mei wethâlder Schukken ôfpraat. Yn it oerlis dat yn novimber mei de gemeente west hat is hjir ek oer praat, mar dêr leit dus gjin rjocht fan paad. Rintsje de Schiffart leit út dat as it net op it âlde plak komt, it ek net op de kaart fan “Oude paden nieuwe wegen” komt te stean.
Dan freget de foarsitter oft der ek minsken binne dy’t problemen ha mei de kontribúsjeferheging. Rintsje de Schiffart makket beswier dat de kontribúsje efterôf ferrekkene wurdt. Fierder binne der gjin beswieren tsjin de ferheging.
Dizze wurdt fêststeld op: € 9,00 foar in gesin; € 5,00 foar in allinnichsteande en
€ 2,00 foar ynwenjende jongeren fan 18 jier ôf.
Rintsje de Boer jout oan op te hâlden mei de boarterstúnkommisje. André Bootsma meldt him spontaan oan om dit oer te nimmen
-Foarsitter makket elkenien attint op it gebrûk fan de website.
-Ek seit de foarsitter dat de gemeente dwaande is mei de weryndieling fan de gemeente en dat alle ynwenners útnoege wurde sille foar in foarljochtings-, c.q. ynspraakjûn. Se ropt elkenien op sa folle mooglik te kommen.
8. Omfreegjen
Bonnie Bootsma hat de jeugd fan Easterwierrum advisearre de gemeente in brief te skriuwen om in skeelerbaan oan te freegjen. De jeugd is hjir mei dwaande en ha al in brief skreaun.
Sels soe Bonnie Bootsma foar de âlderein wol in Jeu de Boule baan op it reade plein ha wolle.
Douwe van der Werf is tefreden mei it rinpaad nei de Dille.
Om’t der foarich jier fraach nei wie, freget Johannes Dijkstra hoe fier it mei it jeugdwurk is. Foarsitter leit út dat der yn gearwurking mei stifting Timpaan jeugdwurk opset is wêr ‘t de jeugd mei dwaande is.
Evert Boersma fynt it spitich dat dizze gearkomste op de jûn fan de biljertklup pland is. Foarsitter leit út dat dit mis gien is yn de boeking.
Rintsje de Schiffart fynt it spitich dat it ferslach fan de jiergearkomste allinnich te lêzen is op de website. Der binne in soad âlde minsken dy’t gjin ynternet ha en dêrom it ferslach net lêze kinne. Miskien is it in idee om it yn de skoalkrante te setten. Ek fynt Rintsje dat de parren dit jier rûch fan de beammen helle binne en dat der dêrtroch in soad parren kniesd binne. Auke de Vries leit út dat de frijwilligers yn striemin waar de parren fan de beammen helle ha en dat mei in kleed de parren fan de beammen skodde binne. Wy hoopje dat takom jier de omstannichheden better binne.
Bennie Nauta freget oft it ek in idee is om bûtendoar in tafeltennistafel foar de jeugd te realisearen. Neffens de foarsitter is skoalle hjir ek al mei dwaande.
Hedzer van der Meer fynt it spitich dat der yn it haltsje noch hieltiten smookt wurdt. Ek freget Hedzer van der Meer oft der wat oan de tuskenwant dien wurde kin, want dizze skoot net goed mear. 16 febrewaris wurdt it parkearsysteem ferfongen. Fierder falt it him op dat it keatshokje min wurdt. Hjir soe mei de ferskate ferienings oer praat wurde moatte.
Auke de Vries sprekt syn wurdearring út foar alle frijwilligers. Neffens Auke de Vries wurdt dizze wurdearring net altiten útsprutsen mar is wol fertsjinne.
9. Sluten
Tot slot kriget Paula in ôfskiedspresintsje oanbean en wurdt betanke foar 5 jier ynset.
Hjirnei slút de foarsitter de gearkomste, wurdt elkenien betanke foar harrn komst en útnoege foar in drankje oan de bar.
Paula Boersma