Ferslach fan de jiergearkomste fan Doarpsbelang Easterwierrum op 13 februaris 2007 om 20:00 oere yn de Tysker.

Foarsitter Theo Visser iepent eefkes nei achten de gearkomste en hjit 46 oanwêzigen fan herte wolkom. Yn syn wolkoms wurdt bedankt der de biljertklup dizze jûn foar de gearkomste frij te hâlden. Fam. Galama en Fam. Schaap litten witte net te kommen en ús ponghâldste Anneke Monsma sit op it momint yn nij Seelan.

Omdat Tjitske Bootsma it ferslach fan de foarige ledegearkomste skriuw hat, lest se dizze ek foar. Der binne fierder gjin op of oanmerkingen oer.

Dan wurdt it jierferslach foarlêzen. Rein Weiland fynt it jammer dat Easterwierrum by Fryslân faart troch DB net goed promoaten is en soe dit yn de takomst graach oars sjen.

Om’t DB in fergissing makke hat yn de leden fan de kas kommisje hat net Hedzer v/d Meer de kas mei neisjoen, mar hat Bonnie Bootsma dit tegeare mei Rintsje de Schiffart dyn. De foarsitter bied syn ferûntskuldigen oan Hedzer. Fierder is de kas goedkard. It finansjeel ferslach fan DB en it ferslach fan de Tysker is te sjen op de beamer, Auke leit de ferslaggen út. Nei oanlieding fan de ferslaggen binne der gjin fragen, mar Rintsje de Schiffart merk op dat der it spytich fynt dat der minsken binne die klage oer de te hege konsumpsje kosten, mar as je rekkenje dat it gebou elk jier mei kosten en ôfskriuwingen sit, is dit net reëel. Ek merk Rintsje op dat it finansjeel ferslach fan de Tysker eins in fertekent bield jout omdat it gebou elk jier mei dié kosten en ôfskriuwingen sit en net allinnich winst makket. Eins moat der ris in goeie balâns makke wurde. Ek it ferslach fan de merkekommisje is op de beamer te sjen, dizze wie al earder goedkart. Opnij is Hedzer v/d Meer beneamd as kaskommisjelid en is bereid om it takommende jier tegeare mei Rintsje de Schiffart de kas wol nei te sjen

Foardracht nije leden; Op de útnoeging foar de gearkomste stean de nije leden, sommige hjirfan binne nije ynwenners fan Easterwierrum en oanwêzich op de gearkomste. Dizze minsken wurde foarsteld. Ek nije leden mar net op de útnoeging binne Ysbrand Galama en de Fam. Schaap. De foarsitter hiet se fan herte wolkom en se binne fan no ôf lid.

Bestjoersferkiezing: Theo Visser is ôfgeand. Kandidaat foar is bestjoer is Jo Albert Kooistra. Tsjinkandidaten binne der net en hy wurdt mei algemiene stimmen foar 5 jier beneamd. Rintsje de Schiffart freget oft in foarsitter fan it doarpsbelang ek neffens de statuten keazen wurde moat. Theo leit út dat dit binnen it bestjoer oplost wurdt.

SKOFT.

Bestjoersmeidielings: Amtlik oerlis 19 desimber 2006: De foarsitter leit út dat 3VO yn Easterwierrum konstateare hat dat der op inkele plakken te hurd riden wurdt mar dat it foar de gemeente ek net dúdlik is wer dit ûndersiik fan út giet. Ek it rinpaad nei de dillebrêge is oan de oarder west en de gemeente hat tasein dat de subsydzje beskikbaar is en dat it rinpaad der dit jier noch komme sil. Ek hat de gemeente tasein it paad sels oan te sizzen. De oanlis steigers yn de opfeart sil der dit jier ek komme. Dit sit lykas it rinpaad yn it projekt fan middelséroute. Gouke Broekens freget of it feste oanlisplakken wurde. Dit leit net yn de bedoeling en der binne suggestys om der boardsjes te pleatsen mei maksimaal trije dagen te lizzen. Dit is in saak fan middelsé. Der wurdt al in heal skoft praat oer in bedriuwen terrein. Der binne noch wat problemen mei de miljeufergunning. Mei namme it lûd fan it korps moat noch in oplossing foar komme. De foarsitter leit út dat der in ôfwaging makke wurdt moast om of de Tysker te isolearen of ôfwachtsje op de bou fan it bedriuwenterrein en dan te isolearen. Foar it leste is keazen. Mei it isolearen sil de akoestyk ek better wurde. Binnenpaad tsjerkebuorren. Achter de Tysker leit it paad wat nei Tsjerkebuorren rint. Om’t der minsken binne die it ST jabikspaad rinne wolle en it moeilik fine kinne, wol DB graach dat it paad kenbaar makke wurdt. Hedzer v/d Meer seit dat we self boardsjes meitsje kinne. Rintsje de Schiffart jout oan de it oarspronklike paad eins fia de fûgelsangleane rint. Tidens de jierswikseling is it bushokje fernield, derfoar is oanjefte dyn by de polysje. Rein Weiland freget oft de dieders ek bekint binne. Foarsitter siet dat bekint is wa der by oanwêzich wie. Jehannes Dijkstra leit út dat it by “bereau halt” leit. Der wurdt frege oft der ek in nij bushokje komt. Hjir binne de mieningen oer ferdield. Neffens Theo Melein binne der bern by betrokken rekke die der neat mei te meitsjen hiene en freget him ôf hoe DB oan de nammen komt. De foarsitter leit út dat der tsjûgen binne dy sjoen ha wat der bart is. Ek binne der dizze jûn brântsjes by de Tysker makke werfan de oanwêzigen seine tastimming krigen ha fan fjouwer DB bestjoersleden. Dit is by it bestjoer net bekint. Dizze brân wie fiif meter fan de Tysker ôf en neffens in oantal minsken ûnferantwurdlik mar ek hjir binne de mieningen oer ferdield. De foarsitter leid út dat der in te krapte is oan berchromte en we graach in uitbreiding fan de Tysker wolle. Om’t DB eigener is fan 3 meter grûn rûnom de Tysker is de gemeente frege oft it ek in probleem is dat de meters opskriuwd wurdt, sadat we oan de efterkant in bytsje mear ha en oan de foarkant in bytsje minder. It leit yn de bedoeling dat der oan de efterkant berchromte bykomt. De gemeente fynt it in goed plan. Om’t Ada Dijkstra nei fiif jier bedankte, wurdt der in nije kandidaat foar de boarterstúnkommisje frege. Peter Zijlstra nimt har plak oer. Ada wurdt bedanke foar har ynset en krige in blomke. Om’t de boarterstún nedich oan in opknapbeurt ta is, steld R. de Boer foar om 24 maart ûnderhâld hjiroan te jaan. Frijwilligers dy meihelpe wolle binne; Han Kroes, Douwe v/d Werf, Wim Terpstra en Joop Bootsma. De kommisje nimt it fierder op sich.

Omfreegjen.

Johannes Dijkstra seit dat der wol ris klachten binne oer de jeugd mei auto’s op it reade plein. As der minsken binne die der wat oer sizze wolle kin dat want dizze jeugd is op de gearkomste oanwêzich.

Hedzer v/d Meer fynt dat der fiist hurd riden wurdt op it plein soe dat graach oars sjen.

Joop Bootsma fynt dat as der klachten binne, minsken nei de jeugd tagean moat om te freegjen oft it ek oars kin. Wol fynt Joop it ferfelend dat der nachts lest het fan draaiende motors.

Johannes Dijkstra freget oft der foar de jeugd yn it wykein jûns yn de Tysker iets mooglik is. Auke leit út dat freeds en sneons de Tysker foar elkenien tagonklik is.

Betty Visser komt mei it idee fan in jeugd aktiviteiten kommisje. Dit kin by de behearskommisje dellein wurde. Ek makket Auke fan de situaasje gebrûk om te melden dat der nije frijwilliger foar achter de bar noch wolkom binne.

Rein Weiland freget wat de gearkomste der fan fynt dat der by ferstjerren de merke troch giet. Theo leit út dat de merkekommisje hjir wol oandacht oan besteed hat en wol net stimme hjiroer.

Rinstje de Schiffart fynt it spytich dat DB de catering fan BIS net mear docht. Theo leit út dat de opbringst minder waard, der mear ferplichtingen kamen en dat it de moaite net mear leand.

Tryntsje v/d Meer fûn it spytich dat tidens de útfiering fan it korps op …… de skodoarren iepen wiene. Yn it kafeegedielte sieten minsken te praten en dat wie steurend foar de minsken yn de seal. Ek fynt Tryntsje De roazebottels dy tsjinoer har hús stean ferfelend en freget oft it ek mooglik is as dit stik grûn parkearplakken wurde kinne. Foarsitter seit dat dit by gemeente al ris earder frege is mar dat it in kabelstrook is en de gemeente it net wol.

Adrie Abbing steurt sich oan de kachels yn de Tysker die ‘t lang trochgiet mei leven meitsje foardat hij ophâldt. Dit is in bekend probleem en hat de oandacht.

H.Jongste hat it idee dat de bûtengebieden wol ris fergetten wurdt mei it rûnbringen fan briefkes. As tip jout se oan om in aginda yn de skoallekrante te setten.

Hedzer v/d Meer fynt dat de site fan Easterwierrum der moai útsjocht en ek de foto’s sjogge der goed út. Al earder dizze gearkomste hat Ad Grainger hjir applaus foar krigen. Ek fynt Hedzer it net prettig dat der yn de hal noch hieltiten smookt wurdt en steld foar iets sûnder tastimming fan de gemeente del te setten. DB kin hjir net achter stean en wol net ferantwurdlik wêze.

Han Kroes freget oft der ek mear befeiliging komme moat no der twa kear ynbrutsen is yn de Tysker.De foarsitter seit dat der in hege kostenplaats oan in alarmynstallaasje sit en by alarm der twa minsken op ôf moatte.

As letste wurd Theo Visser troch Tjitske Bootsma bedanke foar tsjin jier ynset yn it bestjoer en kriget in pen mei ynskripsje oanbean.

Om 22:30 kin de foarsitter de gearkomste slute en noecht elkenien út foar in drankje.