FERSLACH FAN DE JIERGERARKOMSTE FAN DOARPSBELANG EASTERWIERRUM OP 7 FEBRUARIS 2006 OM 20 OERE YN DE TYSKER.
- Om goed acht oere iepent foarsitter Theo Visser de gearkomste en hjit de 34 oanwêzigen wolkom. Der binne in pear ynkommen stikken :Fan Jester Nynke Schouwstra krigen we it borduerde wapen fan Easterwierrum, wat destiids troch Piet Bultsma makke is, it sil in plakje yn de Tysker krije. Albert Stoelinga makke in meidielingenboerd,it hinget oan it keatshokje. No hoecht der net mear oanplakt te wurden op de ruten fan de Tysker. It is yn it earste plak bedoelt foar nijs út Easterwierrum, mar as der romte is kin der ek oar nijs yn. Dizze jûn kin in boek ynsjoen wurde wat makke is troch Albert Stoelinga, oer Easterwierrum, hij hat deryn fan jierren werom kranteknipsels sammele en makke in protte foto’s.
- It ferslach fan de jierfergadering fan 2005 hat eltsenien yn de brievebus krigen, derom wurdt it no net noch in kear lezen.Der wurdt noch frege hoe’t it komt mei de paadwizer nei de Tysker, mar dizze wurdt fan’e wike noch ophongen.
- Us skriuwster Paula Boersma is ôfwêzich, se is in pear dagen lyn befallen fan Jens, Rintsje en Paula fan herte lokwinske! It jierferslach fan 2005 is skreaun troch Paula en wurdt troch Tjitske foarlezen.It ienige wat der noch oantafoegd wurde moat is dat Joost Stoelinga dit jier, 40 jier foar de fûgelwacht yn’t spier wie en derfoar de sulveren ljip ûntfongen hat.Joost lokwinske .
- It finansjeel ferslach fan d.b. sjocht der wat ûnoersichtlik út om’t der noch saken run de bou fan de Tysker spilen. De kascommisssje seit dat it wol allegear kloppet wat der stiet. Ek it finansjeel ferslach fan de Tysker sjoch der wat ferwarrend út. Dat komt mei omdat we jild fan de belesting werom krigen ha, wat deroan útjûn is is al ferrekkene. Der wie oan it begjin fan it jier ek noch in bourekken, dizze is letter opheven en oergien nei de Tysker. It oare jier sil it oersjoch dúdliker wêze, we moatte mei hege- en lege b.t.w. rekkenje, dat kin dan goed yn beeld brocht wurde.De kaskommisje, besteande út Jan de Schiffart en Hedzer v.d. Meer keure de ferslagen goed. Op tafel leit ter ynsage it fin. ferslach fan de merkekommisje, hjir binne gjin opmerkings oer. It oare jier sil de kaskommisje bestean út Hedzer v.d. Meer en Rintsje de Schiffart. Dit jier is de kontribúsje foar earst net mear bij de minsken thús ophelle, mar troch de minsken oermakke op ús bankrekken. It skeelt ús in protte tiid, en de measten ha betelle, dat we gean sa troch.
- De nije leden wurde wolkom hjitten, de measten binne net oanwêzich, mar der wurd fertelt wêr’t se wenje,sadat elts wer op de hichte is.
- Lieuwe Brandenburg ferlit nei san jier it bestjoer fan doarpsbelang, hij wurdt tige betanke foar syn ynset. Anneke Monsma sil syn plak yn it bestjoer ynnimme.
- Der leit in plan foar in rinpaad nei de dille,de gemeente wol der oan meiwurkje as it oan de kant fan Theo Melein komt, dat is better yn ferban mei de kabels yn de grûn, en it is nochal wat koarter as dat it oan de oare kant komt. It plan is sa dat de gemeente materiaal en makke kosten fergoedet fan ûngefear 11000 euro, it wurk moatte we sels dwaan, de gemeente soarget dernei foar it ûnderhâld. Der leit no in subsidsjeoanfraach,foar de simmer hoopje we mear te witten
- brêgen op de faarroute binne ferhege, op de dille binne noch gjin fersjennings foar boaten, Rein Weiland is dwaande in plan te meitsjen om yn te tsjinjen bij de gemeente.
- Ferskillende oanwêzigen ha heard of lêzen dat der al in plan is foar wâlbeskoeiïng en oanlisplakken, d.b. is hjir net fan op’e hichte.
- de gemeente is dwaande mei in útwreidings plan efter Bootsma, der komme bedriuwen, mei evt. in wenning, trije hierwenten en twa frije sektor wenten. Der binne allegear ûndersiken west, mar de milieukeuring jout problemen, it docht bliken dat de Tysker troch it dak tefolle lûd lekt. It dak moat isoleare wurde, de gemeente wol der wol jild yn stekke (25000), it wachtsjen is op de útslach fan in akoestysk ûndersyk. H. v.d. Meer seit dat hij der ek graach bouwe wol, mar troch wenningbou wol hiel bang is dat der minsken komme te wenjen dy’t lest ha fan it lûd fan de bedriuwen en fan de Tysker. De gemeente wit ek dat it allegear hiel krekt komt,besluten dy’t no nommen wurde kin letter net wer werom draait wurde, om it allegear goed te dwaan nimt in protte tiid. De timmerfabryk hat sels akoestysk ûndersyk oanfrege, de útslach derfan wurdt binnenkoart ferwachte.
- Tysker: we ha socht nei in goede rookfoarsjenning en ek ien fûn, allinne mocht deze net plaats wurde foar de foardoar sa’t wij graach woene, mar bij de keuken, dat is foar de smokers gjin opsje en derom ha we no neat en wurd der noch hieltyd smookt yn de hal.
- v/d Meer fynt dat it ding gewoan pleatst wurde moat bij de doar en dan mar sjen wat de gebeurt.
- Weiland fynt dat der yn de hal gewoan net smookt wurde mei.
- R.de Schiffart soe graach útwreiding fan de keuken en in rookfersjenning sjen, sadat de smokers in plak ha en der ris in snakje ferkocht wurde kin. Dit leit net sa maklik omdat we mei hâldberheid fan it iten sitte en de regels foar itenspul streng binne.
- der is foar de Tysker in peukenbak oanskaft dizze wurdt ynkoarten pleatst.
- Mei âld en nei binne mei fjoerwurk de brievebus en in stik finsterbank bij de keuken fernielt. Der moat in nije brievebus komme en it soe goed wêze om der mei ús allen op ta te sjen dat, dat wat fan ús allegear is net fernielt wurdt.
- J.Bootsma freget nei it rinpaad nei tsjerkebuorren : it klapstek is der al, mar it wurdt noch net oanjûn. It wachtet op it ein fan de ruilferkaveling om te witten hoe’t it paad der út komt te sjen. Gemeente is yn elts gefal ferantwurdlik foar ûnderhâld fan it paad en de brechjes.
- It paad is ûnderdiel fan it Jacobspad, sa is it ek al in pear kear foar kommen dat minsken dy’t dat paad rinne yn Easterwierrum fregen om in stempel.
- -Jan de Schiffart freget oft der noch plannen binne om de Tysker út te wreidzjen. Yn ferban mei romtegebrek binne der wol ideeën mar konkreet is der noch neat, it soe it moaist wêze as we it sels bekostigje koene en net hoege te lienen, safier binne we no noch net.
8.
- R.Weiland freget wat der mei de hierwenten tsjinoer him op de doarpsstrjitte bart. Se wurde ôfbrutsen en der komt in blok mei trije hierwenten foar yn’t plak, wannear, dat is net bekend. Hij freget ek oft de pealtsjes bij de ynritten pleatst wurde, op de doarpsstrjitte, om foar te kommen dat auto’s oer de stoepen ride, it is al faker oankaarten bij de gemeente mar se dogge der neat oan.
- R. de Schiffart fynt dat it meidielingeboerd in ferkeart plak krigen hat, it hie yn it sintrum fan it doarp moatten. D.b. hat mar twa gebouwen wêr’t se wat oanhingje mei en dat binne de Tysker en it keatshokje, boppedat komme der in protte minsken geregeld nei de Tysker en rinne dan lâns it boerd.
- B. Nauta freget oft de lampen op de Ald toer yn jannewaris salang brâne moatte, it kostet in protte stroom en it is net goed foar de fugels.D.b. kin hjir neat fan sizze om’t se net eigner fan de toer of it hof binne.
- H.v.d.Meer: bedriuwen op de side fan Easterwierrum, hoe wurket dat? Jo moatte sels it materiaal oanleverje bij Ad Grainger, hy set it op de side.Ad krijt in applaus foar syn ynset foar de side, dy’t der pico bello útsjocht.
- Wa docht it ûnderhâld oan it paad nei Klaaiterp ta? Dit is fan de gemeente.
- Wa docht it ûnderhâld oan de Tysker? Julius Galema is troch de behearskommisje oanstelt sa coordinator, hij stjoerd it klusseteam oan. As der klachten of opmerkings binne dizze dan graach melde by de b.c. sy spylje it wer troch oan Julius.
- Theo jout noch in ofskiedspresintsje oan Lieuwe en slút dernei de fergadering om 10.15 oere. Under it genot fan in drankje wurdt noch wat neipraat.
Tjitske Bootsma.