FERSLACH FAN DE JIERGEARKOMSTE FAN DOARPSBELANG EASTERWIERRUM OP 10 FEBRUARIS 2005 OM 20 OERE YN DE TYSKER.
- Om 20:15 iepent foarsitter Theo Visser de gearkomste en fan de 265 leden kin der 36 minsken wolkom hjitte.
- Om’t it ferslach fan de foarige jiergearkomste bij alle leden rûnbrocht is, hoecht dizze net foarlêzen te wurden. De foarsitter freget oft der nei oanleiding fan dit ferslach fragen binne. A.Stoelinga freget werom it heechhout by J.Dijkstra no fuort mast. De gemeente hat oanjûn dat it heechhout yn minne staat wie, en der op dit momint gjin jild is foar in nij heechhout. DB hat by BenW oanjûn dat we graach in nij heechhout ha wolle, en hopet op aksje.
- Dan lest de skriuwster it jierferslach fan 2004 foar. P.v/d Meer seit dat net it korps fan Folsgeare mar fan Easthim tidens de slachtemarathon spille hat.
- der binne fan doarpsbelang en de Tysker wer finansjeel oersjoggen makke die men ynsjen kin.Lieuwe jout hjir útlis fan. H.v/d Meer freget wer de 131.41 fan de CVB bank bliuwen is. Dit bedrach sit yn it saldo fan de rabobetaalrekken.
- fierder binne der oer dizze twa ûnderwerpen gjin fragen.
- Sypersma en J.de Schiffart ha de kas neisjoen. S.Sypersma jout oan dat der de opset fan de kas ferwarrend fynt. Dit hat by doarpsbelang de oandacht. Fierder binne alle sinten telt en giet de kommisje akkoart. S.Sypersma is ôfgeand kaskommisjelid. Nij kandidaat is H.v/d Meer, der binne gjin tsjinkandidaten.
- Foardracht fan nije leden: de foarsitter hyt se fan herte wolkom en se binne fan no ôf lid.
- Bestjoersferkiezing: Jan Altenburg is ôfgeand. Kandidaat foar doarpsbelang is Auke de Vries. Tsjinkandidaten binne der net en hy wurdt mei algemiene stimmen foar 5 jier beneamd. Jan wurdt betanke foar syn bydrage en ynset en kriget in flesse drank oanbean.
- Bestjoersmeidielings/besprekpunten:
- de kommisje die beneamd is, hat it foarstel fan de nije (oanpaste) statuten en húshâldlik reglemint besjoen, en hat gjin op of oanmerkingen. Ek is it foarstel fan it húshâldlik reglemint by de leden rûnbrocht. Ek ha de leden gjin oanmerkingen. De statuten en it húshâldlik reglemint is feststeld.
- 6 septimber is it amtlik oerlis west. Foarsitter ferteld wat der besprutsen is. D.Boersma freget wa de struken run it sportfjild ûnderhâlde moat.De struken wurde sa wiid dat it foar de gemeentewurkers moeilik is om it gers te meanen. Op dit momint hat de keatsferiening de ûnderhâld fan de struken foar har rekken en krije hjir ek jild foar, mar omdat de situaasje no feroare is om’t de Tysker der stiet, sil doarpsbelang de gemeente freegje it ûnderhâld wer far har rekken te nimmen.
- De iepening fan de middelseerute sil in maaie fan dit jier plakfine. De organisaasje hjirfan freget doarpsbelang oft der yn Easterwierrum inisjatyf ûntwikkelt wurd m.b.t. de iepening fan de middelseroute.
- De boat die by de dillebrêge leit bliuwt der foarlopich leazen. Gemeente hat in nij wenarkebelied ûntwikkelt. De lisplakken bin al fersein en der is gjin plak mear foar de “dilleboat”
- B.Boersma fynt dat it bankje by de dillebrêge op in raar plak stiet. Auto’s ride hjir hurd en it bankje stiet krekt in de bocht.
- H v/d Meer jout oan dat de klunbate stikken is. dit is by gemeente bekent.
- Rinpaad Dille. Foarsitter seit dat de dyk oant de Dille in 80 km dyk is en dat der in rinpaad neist “moat”. De gemeente besjocht of der in fyts of rinpaad lâns kin, en is bereid om doarpsbelang hjirfoar jild te jaan mar moatte it rinpaad dan self oanlizze. De fraach nei de leden is oft dit in goed foarstel is om dit mei syn allen te dwaan. De mearderheid fan de leden is foar. Doarpsbelang sil fierder aksje ûndernimme.
- It fytspaad lâns de swette lis der foarlopich noch net komme. De kosten fan dit plan binne sa’n 5 á 6 miljoen euro en dér leit it probleem.
- De wenningbou/ bedriuwenterein efter Bootsma. Doel is dat der fiif loadsen , trije hierwenten en fjouwer kavels foar frije sektor komme sil. Omdat dit plan ticht by de Tysker stiet is doarpsbelang bang foar oerlest, en ek de Tysker mat net lest fan terein ha. Dit is by gemeente bekent en hat de oandacht.
- B.Bootsma seit dat it parkearferbod oan de doarpsstrjitte foart is. dit kloppet, der mei oan beide kanten fan de dyk parkeard wurde.
- H v/d Meer freget opheldering oer de ynbraak die fan de wike yn de Tysker plakfûn.
- Foarsitter leit dat út de kluis iepenbrutsen is, mar dat der gjin spoar fan braak te finen is. De fraach is oft der in alarm op it gebou mat. Dit wurdt yn de folgjende doarpsbelang gearkomste besprutsen. Ek merkt v/d Meer op dat by aktiviteiten de neadferljochting net brând. Dit moat wol.
- J.Schiffart soe graach in snakje yn it kafeegedielte sjen. op dit momint foldocht de Tysker net oan de foarwaarden om snaks te ferkeapjen. Ek is it nochal kompleks om hapkes yn te keapjen, yn te friezen ect, ect.
- It berne-iepenloftspul wurdt dit jier neist de Tysker spile. Omdat it 15 jier bestiet, wolle se grutter útpakke. Doarpsbelang freget oft der frijwilligers foar de catering binne.
- Omfreegjen
- J.Dijkstra wol reageare op it ferslach fan de ekstra ledegearkomste die in de skoallekrante stie. Hjir stie in dat it korps freegje is om op de iepening te spyljen mar neffens Dijkstra en oare leden fan it korps hat it korps harren self útnoege. Lieuwe leit út hoe it neffens him en de foarsitter gien is. doarpsbelang en korps sil dit misferston út de wei romje.
- B.Bootsma hat omsjen dyn nei in smookgelegenheid. Bootsma sil mei in pear minsken in kar út inkele foarbylden meitsje, en kriget akkoard om der foar maksimaal 2000 euro oan te besteden.
- P v/d Meer freget oft der ergens wer in meidielingeboerd hingje kin. It boerd hat by doarpsbelang de oandacht.
- J.Stoelinga sprekt syn ôfskriuw út oer in ferfelende anonime brief die Willemsma krigen hat. It is tige spitich dat soks in Easterwierrum bart.
- H v/d Meer freget oft der ek neitocht is om ergens in oanwizingspeal nei de Tysker te pleatsen. B. Bootsma seit dat der yn de ynterieurkommisje wol oer neitocht is, mar wachte is op de letters steil fan de Tysker.
- A. Stoelinga hat krekt nei âldjiersjûn by de famylje Planken west. De famylje is nochal benaud west fan it karbit sjitten op it sportfjild. Stoelinga freget of doarpsbelang hjir ek wat oan dwaan kin. Foarsitter jout oan dat doarpsbelang hjir neat oan dwaan kin.
- Om 22:30 slút de foarsitter de gearkomste. Betanket elk foar syn oanwêzichheid
en noeget elk út foar in drankje yn de bar.
Paula Boersma.