FERSLACH FAN DE JIERGEARKOMSTE FAN DOARPSBELANG EASTERWIERRUM OP 29 JANUARIS 2004 OM 20 OERE YN IT GEBOUTSJE FAN DE HERFOARME TSJERKE

  1. Om 20 oere iepent foarsitter Theo Visser de gearkomste en fan de 246 leden kin der 43 minsken wolkom hjitte.
  2. Hjirnei lest de skriuwster it ferslach fan de foarige jiergearkomste foar. Hjir binne gjin oanmerkingen op. Nei oanlieding fan dit ferslach leit de foarsitter út wat de bedoeling is mei it binnenpaad nei Tsjerkebourren, en hoe it derút komt te sjen.
  3. Dan lest de skriuwster it jierferslach fan 2003 foar. B. Boersma freget oft men it ferslach fan de gearkomste mei de boargemaster ek te lêzen krije kin. Dit leit net yn de bedoeling, mar men kin wol útlis fan dizze gearkomste krije. A.Stoelinga freget werom it heechhout by J.Dijkstra fuort is.
    Foarsitter leit út dat de gemeente it heechhout te min fûn, en dat der wegens jild tekoart net in nij heechhout komme sil. Ek leit de foarsitter út wat de bedoeling is mei it bushokje wat I.Willemsma betocht hat. Omdat der net genôch jild is sil dit der net komme. Dit is ek de reden werom der fieder neat mei it reade plein gebeurd. Ek in parkearferbod komt der net. H.Nauta steld foar om nochris yn de skoallekrante te setten om net te parkearen op de kop fan de feart.
    D.v/d Werf freget oft we de 7000 euro die we fan de gemeente foar it bushokje krije koene, net foar it M.G brûke kinne. Dit is net mooglik.
  4. (4+5)
  5. Der binne fan D.B en Ald Skoalle finansjeel oersjoggen makke die men ynsjen kin. B.Bootsma freget wer de ynkomsten fan de catering berne-iepenloft en de b.b.q stean. Dizze stean op in aparte rekken.En kinne we de 16.338,54 euro die oprekken fan D.B stiet net foar it ôfmeitsjen fan it reade plein brûke? Dit wurdt foar it M.G brûkt. Der binne fjouwer minsken die op kosten fan D.B Hygiëne kursussen dien ha, sy stean yn tsjinst fan D.B. Soene dizze minsken mei de kursus foar harren sels begjinne, matte sei it kursusjild oan D.B werom betelje.
  6. J.Smits en S.Sypersma ha de kas neisjoen. Neffens harren sjocht de kas der kreas út. J.Smits is ôfgeand kaskommisjelid. Nij kandidaat is J.de Schiffart, der binne gjin tsjinkandidaten.
  7. Foardracht fan nije leden: de foarsitter hyt se fan herte wolkom en se binne fan no ôf lid.
  8. Bestjoersferkiezing: Marja Schotanus is ôfgeand en neffens de statuten net werkiesber. Kandidaat foar it bestjoer is Tjitske Bootsma. Der binne gjin tsjinkandidaten, hja wurdt mei algemiene stimmen beneamd.
  9. Bestjoersmeidielings/besprekpunten:
  • der mat in nije strjitnamme foar it bestimmingsplan achter Bootsma komme. Der sil in fraach nei ideeën yn de skoallekrante komme wer minsken op reageare kinne.
  • de hûdige statuten rinne ôf. Der matte foar 2005 nije statuten makke wurde om it D.B bestean te litten.Omdat net 2/3 fan alle leden oanwêzich is, mat der in nije gearkomste belein wurde.Yn de statuten stiet dat der minstens 8 dagen tusken dizze en de nije gearkomste sitte mat.Dizze twadde gearkomste is feststeld op 4 maart 2004. Der wurdt in kommisje beneamd die sich yn de nije statuten ferdjippe sil. dizze kommisje bestiet út H. van der Meer, A. de Vries, P van der Meer, N. Hettinga en B.Bootsma.
  • Lieuwe Brandenburgh docht útlis oer de finansjele stân fan saken en it weisetten fan de oeren fan it M.G. F.Felkers freget oft we net subsydzje krije kinne omdat der in pear tsjinfallers binne. Dit kin net omdat we nôch hieltiten goed op ús bedrach sitte.
  1. Om de grûn fan it M.G oan te keapjen hat D.B tastimming fan de mearderheid fan de oanwêzige leden nedich. Alle leden gean akkoard om de grûn oan te keapjen
    -D.B hat de mooglikheid tot in lining fan 60.000 euro. Ek hjirfoar mat D.B tastimming fan de leden krije. By wanbelied is it bestjoer oanspraaklik. Ek no krijt D.B unanym akkoart foar dizze lining.
  2. Opset nij bestjoer foar it M.G. Der komt in diskusje oer hoe dit der útsjen mat. Mat der in kommisje foar komme, en mat de nije kommisje ûnder D.B stean of net, en mat D.B einferantwurdlik bliuwe.der wurdt foarsteld om de diskusje
    te beleazen mei twa bestjoersfoarmen, mar foarkeur giet út nei in behearskommisje.Omdat we der no net útkomme, sil dit ûnderwerp narder bepraten wurde mei notaris en/of ien fan doarpshuzen.
  3. Namme foar it M.G. foarstel fan it bestjoer is de Tysker. Marja leit út wat dit namme betsjut. Der komme noch foarstellen foar oare nammen en derom wurdt der frege oft men wol dat der in nije ronde komt. Mar de mearderheid is foar de Tysker en derom wurdt der besletten dat it M.G sa komt te hjitten.
  4. Jan Altenburg fertelt dat finansjeel kommisje in grute ferlotting organisearet. Dizze ferlotting sil in maaie wêze. It doel fan dizze ferlotting is om sa’n 10.000 euro foar it M.G op te heljen. Der sille lotten troch de hele gemeente ferkocht wurde en der binne moaie prizen mei te winnen.
  • catering berne-iepenloftspul: frijwilligers binne wolkom om sich oan te melden.
  • 10.Omfreegjen
  • J.M Dijkstra seit dat de Dillebrêge nei herstellen heal iepen bliuwe soe, mar dat der no mar twa meter breed wurdt, dit betsjut dat boeren der mei de trekker net oerhinne ride kinne. De fraach is oft D.B hjir ek wat mei docht. D.B is hjir net by betrokken, Dijkstra kin it oanjaan by de gemeente. G.Miedema fynt de fytsers op de doarpsstrjitte in gefaar. Werom is dér net in fytspaad oanlein. D.B hat dit ek oanjoen by de gemeente, dizze seit dat de fytsers ek as remmers foar te hurd ridende auto’s tsjinje.
    Der wurdt foarsteld om yn septimber in ekstra ledegearkomste foar de stân fan saken fan it M.G te hâlden.

F.Felkers freget hoefolle parkeargelegenheid der komme sil. Der is plak foar sa’n 10 tot 15 auto’s.
Foardat de foarsitter de gearkomste slút, betanket der Marja foar har ynset foar 10 jier as penningmeester, en kriget in penneset mei ynskripsje oanbean.

11. Om 23:00 oere slút de foarsitter de gearkomste. Omdat de gearkomste dit kear in it geboutsje is, is der net in neisit.

Paula Boersma