FERSLACH FAN DE JIERGEARKOMSTE FAN DOARPSBELANG EASTERWIERRUM OP 6 FEBREWARIS 2003 OM 20 OERE YN D’ALD SKOALLE.
- Om goed 20 oere iepenet foarsitter Theo Visser de gearkomste en kin 78 minsken wolkom hite. Hy meldt dat der neipraten wurde kin ûnder it genot fan in drankje, mar dat it dizze kear sels betelle wurde moat.
- Hjirnei lêst de skriuwster it ferslach fan de foarige jiergearkomste foar. S. Schoustra seit dat de flagge op d’Ald Toer altyd op 4 maaie healstok hinget, allinne is dit min te sjen. T. v/d Meer hat op de oare tuorren ek ôfrûne jier gjin flagge healstok hingjen sjoen. Bootsma freget hoe’t it mei de Middelseerûte komt. Doarpsbelang wurdt hjir net mear by belutsen. S. Sypersma hat beswier oantekene tsjin it gehiel ôfsluten fan de Dillebrêge. Dit sil no yn 2 parten barre.
- Dan wurdt it jierferslach foarlêzen. Hjir binne gjin oanmerkingen op.
- De finansjele ferslaggen fan doarpsbelang en de behearskommisje fan d’Ald Skoalle lizze op de tafels. De kaskommisje, besteande út Tryntsje v/d Meer en Joke Smits, hat de boeken neisjoen en goedkard. H. v/d Meer freget oft de bedragen yn gûnen of euro’s binne. Dit is fansels yn euro’s. R. de Schiffart freget oft de CVB bank mear rinte jout as de RABO bank. Dit is it gefal.
- Op it jildlik ferslach fan de behearskommisje binne gjin oanmerkingen.
- De kaskommisje seit dat de boeken der kreas útseagen. Tryntsje v/d Meer is ôfgeand kaskommisjelid en Sjoerd Sypersma wurdt yn har plak beneamd.
- Foardracht fan nije leden: de foarsitter hyt se fan herte wolkom en se binne fan no ôf lid.
- Bestjoersferkiezing: Tineke Altenburg is ôfgeand en neffens de statuten net werkiesber. Kandidaat fan it bestjoer is Paula Boersma. Hja wurdt mei algemiene stimmen beneamd. Tineke wurdt betanke foar har ynset en kriget in blomke en faas mei ynskripsje oanbean.
- Bestjoersmeidielings en besprekpunten:
- Doarpshûs: der is ûndertusken in boukommisje beneamd dy’t de bou begeliede sil. Ut dizze kommisje binne der 3 útfierders kommen: Peter Zijlstra, Julius Galama en Rintsje de Boer. Der is ek in finansjele kommisje oprjochte. Dizze kommisje sil soargje moatte, dat de finansjele middels rûnkomme en sil ek alle moannen in nijsbrief meitsje. Der binne 3 koördinatoaren beneamd: R. de Schiffart en A. Somer om de frijwilligers foar de bou te regeljen en F. Anema om frijwilligers foar de catering en it skjinmeitsjen te freegjen. De gemeente is definityf akkoard gien mei de subsydzje en de provinsje jout ek subsydzje. Doarpsbelang hat op besite west by doarpshuzen yn Mantgum en Bantegea. Ynkoarten komt de fraach nei frijwilligers. G. Venema hat fan Mantgumers heard dat hja in fikse neiheffing fan de belesting hân hawwe troch ferkeard ôflûken fan BTW. Dit is by doarpsbelang bekend en wy sille deselde flater net meitsje.
- Doarpsfernijing: der is gjin nijs. Fan de € 80.000,- is nei it stopjen fan it gat € 9000,- oerbleaun. S. Schoustra freget hoe’t it mei it heechhout komt. It rjocht op oerpaad is no ferbrutsen. De gemeente moat dit herstelle. Mei de ruilferkaveling soe it paad ferhurde wurde, dus fan fuotpaad yn fytspaad feroarje. It paad is yn de ruilferkaveling stimt yn 1996. Wol wurde der fan hegerhân besunigings oplein. Dan wurde dizze paden as earste skrast. Doarpsbelang soe juridysk w.s. sterk stean.
- v/d Werf fynt dat doarpsbelang nei de ruilferkaveling moat om it heechhout en it paad op te easkjen. DB: wy binne hjir hieltyd al efteroan by de gemeente, mar komme neat fierder. Wy sille wer nei de gemeente. Foar de ruilverkaveling binne wy gjin gesprekspartner. Der sil in brief nei de ruilverkaveling.
- Hoekstra freget wer’t de gieltsjes fan it âlde paad bleaun binne. Dit wit doarpsbelang ek net.
- 30 april: wer itselde as foarich jier: it korps troch de buorren, keatsen en priisútrikking en neisitte yn d’Ald Skoalle.
- Catering berne-iepenloftspul: doarpsbelang docht it dit jier wer. It bringt dochs in aardich bedrach op. Frijwilligers binne wer nedich, ek foar it parkearen. It begjint op 7 juny. Doarpsbelang hâldt ek wer in BBQ foar it doarp, op 28 juny op it sportfjild by de kontoeren fan it nije doarpshûs. J.N. Schoustra merkt op dat de opbou fan de spulwike dan ek al los is. De foarsitter seit dat we rekken meielkoar hâlde moatte en dat beide aktiviteiten plak fine kinne.
- P. Zijlstra meldt dat Do Komst op 5 july op it reade plein is.
SKOFT
10. Nei it skoft wurdt de fryske Kameleonfilm “De kameleon sjocht yn it waar” fertoand. Dizze film is troch de fryske studinteferiening Bernlef út Grins makke as protest tsjin de nederlânstalige film dy’t dit jier útkomt.
11. Omfreegjen:
- H. v/d Meer: de bestrjitting fan de trottoirs oan de doarpsstrjitte leit der tige min hinne. Ek sitte der gatten yn’e dyk. DB sil dit oankaarte by de gemeente.
- B. Eekerk: freget nei it fersetten fan de hânwizer op’e kop fan de feart. DB: dit sil foarearst net barre.
- W. Kuyers: seit dat der nije leden wolkom binne op it koar.
12. Om 22.45 oere slút de foarsitter de gearkomste en elk kin noch neiprate ûnder it genot fan in drankje. Hjir wurdt dan ek flink gebrûk fan makke.