FERSLACH FAN DE JIERGEARKOMSTE FAN DOARPSBELANG EASTERWIERRUMOP 5 FEBREWARIS 2002 OM 20 OERE YN D’ ALD SKOALLE.
- Om goed 20 oere iepenet foarsitter Theo Visser de gearkomste en kin 54 minsken wolkom hite. Der is ôfberjocht fan Ada Dijkstra.
- Hjirnei lêst de skriuwster it ferslach fan de foarige jiergearkomste foar. Hjir binne gjin oanmerkingen op.
- Dan wurdt it jierferslach foarlêzen. H v/d Meer hie noch graach fermeld sjoen dat it brechje oer de feart op it reade plein klear wie.
- De finansjele ferslaggen fan doarpsbelang en de behearskommisje fan d’ Ald Skoalle lizze ûûop’e tafels. De kaskommisje, besteande út Bianca Roorda en Tryntsje v/d Meer, hat de boeken neisjoen en goedkard. Doarpsbelang hat foar in oare manier fan ferslach jaan keazen. De gearkomste fynt dit te koart om’e hoeke en wol it oare jier graach wat mear op papier. Dit sil dien wurde.
- H v/d Meer freget noch nei de opbringst fan de kontribúsje.
- R de Schiffart freget oft der noch subsydzjes by sitte. Dit is wol it gefal.
- It ferslach fan de behearskommisje: R de Schiffart merkt op dat der f 800,00 te min oan ynkomsten ynkommen binne om lyk te draaien. Der soe troch guon brûkers wol mear hier betelle wurde kinne, mar dan net troch de lytse ferienings. Doarpsbelang sil dit mei de behearskommisje opnimme.
- P Zijlstra fynt it bedrach fan de nutsbedriuwen tige heech, hoe kin dit. Dit sil neisjoen wurde moatte yn’e boeken.
- J Smits freget wat de ôfkoarting SDF betsjut. Dit is Stichting Doarpshuzen Fryslân.
- De kaskommisje is der net. Hja hawwe foar akkoard tekene. Bianca Roorda is ôfgeand kaskommisjelid en Joke Smits wurdt yn har plak beneamd.
- Foardracht fan nije leden: de foarsitter hyt se fan herte wolkom en hja binne fan no ôf lid.
- Bestjoersferkiezing: Theo Visser is ôfgeand en werkiesber. Der binne gjin tsjinkandidaten en hy wurdt mei algemiene stimmen wer foar 5 jier beneamd. Anton v/d Wal is tuskentiids om persoanlike reden ôfgeand. Doarpsbelang hat Jan Altenburg ree fûn om syn plak yn te nimmen en de gearkomste giet hjir mei akkoard.
- R de Schiffart fynt dat as in kandidaat him oanmeldt, dizze dan stipe fan minimaal 5 leden hawwe moat. De statuten rinne noch oant 2005, dan kin dit oanpast wurde.
- Bestjoersmeidielings en besprekpunten:
- In kontribúsjefoarstel yn euro’s fan doarpsbelang, it is omrekkene nei it bedrach yn gûnen en komt wat ûnhandich út. Yn de gearkomste wurde de folgjende ôfrûne bedraggen fêststeld: f 12,50 wurdt € 6,00, f 7,50 wurdt € 3,50, f 5,00 wurdt € 2,50, f 2,50 wurdt € 1,50.
- De Middelseerûte sil realisearre wurde. Dit sil foar Easterwierrum ek oerlêst jaan, want de Dillebrêge en de Langlânsbrêge wurde ferhege. De Dillebrêge wurdt nij en de Langlânsbrêge wurdt opkrikt. It wurk sil ein septimber of yn oktober útein sette en maart 2003 klear wêze moatte. By de Dillebrêge komt in needbrechje foar fytsers. In fytspaad by de Dilledyk lâns leit dreech. Boarnsterhim wol net meibetelje en Littenseradiel hat gjin jild. As de Langlânsbrêge derút leit, sille der alternativen komme moatte foar it ferkear fan de Froonackerdyk. Der komt w.s. in ynrydferbod foar swier ferkear nei Easterwierrum. S Sypersma freget noch nei it krekte tiidspaad. Der is no net mear dúdlik as fan ein septimber oant en mei maart 2003.
- Catering Berne-Iepenloftspul: doarpsbelang sil it dit jier wer dwaan, mar dan mei in lytsere tinte om de kosten te drukken. Der binne wer in soad frijwilligers nedich. Opjaan kin by Lieuwe Brandenburgh. Nei ôfrin fan it Berne-Iepenloftspul sil doarpsbelang wer in feestlike jûn foar it doarp organisearje. Datum noch net bekend.
- Boarterstún: dizze is klear en doarpsbelang is der wiis mei. De frijwilligers wurde betanke foar de geweldige help.
- Wat te dwaan op 30 april: de gearkomste wurdt om ideeën frege. Dy binne der no net.
- SKOFT.
- Boargemaster mefrou J Liemburg en de hear H Venema binne yn’e gearkomste kommen. Doarpsbelang hat dizze minsken útnoege om’t der sa stadichoan mear fragen as dúdlikheden binne oangeande de doarpsfernijing en de nijbou fan it doarpshûs. De foarsitter jout in koart oersjoch wat der sûnt de presintaasje fan de doarpsfernijing yn desimber 1997 bard is en hat mefrou Liemburg en de hear Venema foto’s jûn fan û.o de stikkene stiennen fan it plein, it ferkeard brûken fan de ferkearsrjemmer op’e Dilledyk ensfh.
- Mefrou Liemburg seit dat hja bliid wie mei de útnoeging om hjir te kommen en alles troch te praten. Hjasels en de hear Venema wienen yn 1997 noch net yn tsjinst by de gemeente. Hja is yn 2000 beneamd en sûnt dy tiid binne der alderhande saken yn de gemeente oant ljocht kommen, dy’t wol betelle binne, mar net troch de ried dutsen wienen. Ek hienen meiwurkers tasizzingen dien dy’t net op papier steane. Dossiers binne net folledich en ôfspraken binne net te achterheljen. Yn de kommunikaasje giet der in soad mis en te min minsken hawwe yn har entûsjasme te folle oanpakt.
- B en W hawwe de lêste jierren ynventarisearre wat der leit. Ek is der no 50% nij personiel op ROB en de formaasje is noch net kompleet, men wol allinne kwaliteit oannimme.
- Wat de doarpsfernijing oangiet: troch boppesteande is der in soad mis gien. Der is mear jild útjûn dan der beskikber wie en it is ferkeard brûkt. De doarpsfernijing wurdt ôfmakke.
- B en W geane nei de ried om mear jild en de wethâlder sjocht ek noch mooglikheden by de provinsje. Der moat earst jild wêze en dan wurdt de doarpsfernijing ôfmakke.
- In nij bushokje komt der as it jild der is. Dit bushokje jout mefrou Liemburg ek argewaasje.
- De ferkearsrjemmer Dilledyk: neffens doarpsbelang is dy oars wurden as op’e tekening stie. Dit witte mefrou Liemburg en de hear Venema net.
- Mefrou Liemburg seit dat it effekt fan de rjemmer op’e Dilledyk net is dan wat der ferwachte wie. Troch Duorsum Feilich is it in drege saak om ferkearsmaatregels ta te passen. Der moat in ienriedichheid ûntstean. Alle begjin fan de doarpskommen sil itselde wurde. De ferkearsremmer op’e Dilledyk sil dit jier of takommend jier oanpakt wurde.
- De iepenbiere ferljochting is net yn de doarpsfernijing kommen, dy ôfspraak is net te finen. Dizze wurdt gemeentebreed de kommende 5 à 6 jier oanpakt.
- Dan it doarpshûs: neffens mefrou Liemburg sitte de gemeente en de hear Dijkstra ticht byelkoar dat hja der ynkoarten útkomme, ein maart. B en W hienen graach earder troch de oanbelangjende amtner ynljochte wurde wolle doe’t de saak stagnearre. Der sil alles oan dien wurde om de proseduere sa gau mooglik troch te rinnen.
- Doarpsbelang merkt op dat alles no wer safolle djoerder wurden is dan foarich jier. It moat noch wol kinne.
- Dan komme der noch fragen út’e gearkomste oan de boargemaster:
- H v/d Meer: is de gemeente allinne ferantwurdlik foar de doarpsfernijing en net de oannimmer? De gemeente hat it tafersjoch en is ferantwurdlik.
- R de Schiffart: de kade by de feart op it plein brokkelt hieltyd mear ôf, der soe sa gau mooglik wat oan dien wurde moatte. De foarsitter hat dit begjin jannewaris ek al by ROB melden. De hear Venema sil der efteroan.
- J Bootsma: hat argewaasje hân en hy net allinne oer de gong fan saken mei it baggerjen fan it stik Ald Feart by de Singel 2 dagen foar it begjin fan de merke. Dit barde yn opdracht fan de gemeente. Alles wie tige smoarch en troch de swiere kraan leit de bestrjitting fan de Singel der no wer raar hinne. It wie by doarpsbelang net bekend dat dit barre soe, Graach fan te foaren berjocht oer dit soart saken. De hear Venema skriuwt it op en sil de oanbelangjende persoan der op oansprekke.
- H v/d Sloot: de tegels fan it trottoir foar syn hûs lizze der skean en bryk hinne. Dit kin by Lyts Leed melden wurde.
- F Felkers hoe’t de ferkearsremjende maatregels der krekt út komme te sjen. Mefrou Liemburg wit net krekt hoe mar: alle kommen wurde 30 km zone, gjin drompels mear, by de yngong fan de doarpen in fersmelling, dêr’t it útgeande ferkear foarrang hat. Nije plannen wurde mei doarpsbelang oerlein.
- R de Schiffart: wêrom moat de wethâlder wer om jild nei tredden, yn dit gefal de provinsje?
- Mefrou Liemburg: de wethâlder sjocht hjir noch mooglikheden om te praten, It jild is it probleem fan de gemeente en it doarp wurdt ôfmakke. Mei it restant fan it tekoart giet B en W nei de ried om jild.
- A Stoelinga hat argewaasje fan fytsers op it trottoir. Dit is slimmer no’t de opgongen ferlege binne. Fytse op it trottoir mei net. De minsken der op oansprekke.
- H v/d Meer: soenen de ferkearsremjende maatregels net tagelyk oanpakt wurde kinne mei it fernijen fan de Dillebrêge? Dit is in goed idee, wurdt meinommen.
- Fierder hat er in soad argewaasje fan it ûnsjogge bushokje. Oan’e Froonackerdyk stiet in moai bushokje. Dit is fan de provinsje. Hjir wol doarpsbelang graach in bushokje dat by it plein past.
- As it nije bushokje der stiet wol de boargemaster it graach ûntbleatsje.
- D v/d Werf: soe der gjin tegelpaad by de Dilledyk lâns komme kinne? Doarpsbelang hat dit ek al ferskate kearen oankaarte.
- H v/d Meer freget wannear der in ôffalbak op it plein komt. It moat wol in fêste bak wêze. Dy kin de gemeente wol pleatse, mar it doarp moat him sels leegje.
- Mefrou Liemburg en de hear Venema wurde betanke foar harren bydrage en krije in aardichheidsje oanbean. Doarpsbelang hat der wer fertrouwen yn
- Omfreegjen:
- Joh. Dijkstra: it ferhaal fan it doarpshûs gie no oer de grûn, mar nys is sein dat it net trochgiet. Hoe sit dit. DB: earst sjen oft it noch helber is. Foar der beslist wurdt sil it doarp frege wurde, want der moat draachflak wêze.
- F Felkers: rûnom waard flagge op’e troudei fan Willem Alexander en Maxima mar net yn Easterwierrum. Wa fersoarget dat. By de RK tsjerke is dat Br. Boersma, de SOW tsjerke R Weiland en Tsjerkebuorren S Schoustra. Br. Boersma seit dat it sneon te hurd waaide foar de flagge, dêrom stie der net op’e toer.
- T v/d Meer fynt it in slimme saak dat de flagge op 4 maaie net healstôk op’e tuorren yn Easterwierrum stean. DB sil in fersyk dwaan oan de oanbelangjende persoanen.
- R de Schiffart: in doarpsgenoat hat fotoboeken fan de doarpsfernijing makke en bliuwt der mei sitten. Hoe sit dat.
- DB: der soe in ôfslutend feest komme en dan soe der in boek oan de útfierder en oan Oranjewoud oanbean wurde. Dit is net bard. Doarpsbelang hat 1 boek betelle.
- R de Schiffart fynt dat doarpsbelang foar de kosten opdraaie moat. Doarpsbelang sil it hjir yntern oer hawwe.
- Om 22.50 oere slút de foarsitter de gearkomste en noeget de oanwêzigen út foar in ôfslutend
drankje oanbean troch doarpsbelang.