Stichting Begraafplaats Easterwierrum (SBE)

Yn desimber 2003 is de SBE oprjochte en dy hat it tsjerkhôf by de Âld Toer oernommen fan de tsjerkfâdij fan de Herfoarme Gemeente. Dit om it sizzenskip oer it hôf foar Easterwierrum te behâlden.

De hear Sijmen Schoustra is de fertsjintwurdiger fan de SBE foar it tsjerkhôf; as boade fersoarget hy de begraffenis, it (by)pleatsen fan in urn en it lieden fan de klok. Dat hâldt ek yn, dat wannear’t gebrûk makke wurdt fan in oare begraffenisûndernimmer, Schoustra de plechtichheid oernimt oan it begjin fan de reed nei de toer. Hy rint dan mei ús dragers en de oare begraffenisûndernimmer, pastoar of dûmny nei de toer en makket de slach om it hôf. Tidens de beïerdiging bliuwt Schoustra op de achtergrûn oanwêzich omdat hy ferantwurdlik is foar de korrekte gong fan saken op it hôf.

Bestjoer

Om’t der yn de ôfrûne jierren in pear bestjoerswikselingen plakfûn hawwe, even in koart oersjoch.
Febrewaris 2004 wie de earste fergadering mei de bestjoersleden Theo Visser (foarsitter, en út namme fan Doarpsbelang), Rintsje de Schiffart (skathâlder en sekretaris grêfregister en -rjocht), Tineke Altenburg (notulist), Frans Altenburg (fertsjintwurdiger fan de Roomske tsjerke) en Marja Schotanus, bewenner Tsjerkebuorren.
Yn 2007 kaam Jan Terra foar Frans yn it plak. Frans hold noch wol in skoft de digitale administraasje fan de grêven foar ús by.
Nei’t Jan der yn 2010 mei ophold, slagge it de parochy ynearsten net om in nije fertsjintwurdiger te finen, mar ein 2012 kaam Dominicus Jorna by ús bestjoer.
Om’t Theo Visser yn febrewaris 2012 ferstoarn is, naam Anneke Monsma syn plak as fertsjintwurdiger fan Doarpsbelang yn en hat Marja de funksje fan foarsitter oernommen. Jannewaris 2016 is Rintsje de Schiffart opholden as sekretaris/skathâlder, grêfútsetter, túchbestrider en algehiel tasichthâlder fan it hôf. Hy hat dat dan mear as 20 jier dien! Anneke nimt it finansjele en digitale part oer en Tineke it sekretariaat. Jan de Schiffart komt derby yn it bestjoer. Hy is mei Douwe van der Werf reserve-grêfútsetter.

Yn juny 2017 krigen wy op ‘en nij in ferlies te ferwurkjen: Dominicus Jorna ferstoar dochs noch hommels oan de gefolgen fan longkanker. Neffens de statuten moat ús bestjoer in ôfspegeling wêze fan it doarp, dus ien út it roomske en it herfoarme fermidden, ien út Doarpsbelang en twa ‘neutrale’ leden. Wy binne hiel bliid dat Frank Jorna it plak fan syn heit oernimme wol.

Fan 1 jannewaris 2018 ôf fersoarget hoveniersbedriuw Theo Melein it ûnderhâld fan it hôf.

Urnemuorre

Fan 1 jannewaris 2017 ôf kinne urnen allinne yn de muorre pleatst wurde en net yn in nij grêf. De urn kin wol bysetten wurde yn it grêf fan de partner as dy al op it hôf begroeven leit. Dat bysetten kost 200 euro eksklusyf de kosten fan de boade. Wy ha dy beslissing nommen om’t it hôf beperkt romte hat en minsken hjir langer as gewoanwei grêven oanhâlde. Wy moatte fansels wol in plak garandearje kinne foar alle (âld-)Easterwierrumers en ynskreaune parochianen dy’t net kremeard mar begroeven wurde wolle. Om dy reden is de urnemuorre nammers boud.

Âld oerwurk yn d’Âld toer

Op 3 novimber 2016 ha de gebr. Swierstra út Weidum in 17de-iuwsk oerwurk yn de Âld toer fan Easterwierrum pleatst. Dat frege sekuer wurkjen fan de mannen, mar it gie foar wûnder. It bysûndere oerwurk stie eartiids yn de tsjerke fan Iens en is letterlik én figuerlik by Dokkum om yn Easterwierrum belâne. It wie foar de Stichting Begraafplaats Easterwierrum te kostber om it te restaurearjen, mar wy woene it wol graach in moai plakje jaan. It is foar belangstellenden goed te besjen, om’t de soudersflier iepenmakke is. En as de romte ûnder yn de toer skylk leechhelle is, binne ek de fraaie 16de- en 17de-iuwske grêfstiennen wer sichtber.

Wilens is der yn juny wol in elektryske klok boppe yn de toer kommen, mei in wizerplaat op it easten. Alle (heal)oeren slacht er en boppedat liedt er ek om 8, 12 en 18 oere. Dit projekt is betelle fan it earmerke jild fan de Kommisje d’Ald Toer.

Yn de toer is der romte om ferstoarnen te betinken mei bygelyks Allersielen, no’t de roomske tsjerke net mear beskikber is. It is lykwols ek mooglik om dan in lantearne by it grêf te pleatsen.

Tariven

Ien kear yn de fiif jier wurde de tariven foar de grêven en urnenissen oanpast.

. Tariven fan 1 jannewaris 2024 ôf:

  • In grêf: €1200,- foar 20 jier
  • Bysette urn yn it grêf fan partner: €250,-
  • In urnenis: €450,- foar 10 jier

Reglemint

Foar wa’t it reglemint net mear hat, stiet hjirûnder in link nei de digitale fersy.
Reglemint Stichting begraafplaats Easterwierrum(SBE)