Snein 13 maart hat fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum, ûnder lieding fan dirigint Menno Haantjes, in muzikale reis makke troch Amerika. Tidens dit konsert yn de Tysker te Easterwierrum, hat it korps it publyk mei nommen op dizze reis.
 
It wie in manjefyke route lâns muzykstikken die sich op ferskate plakken yn Amerika âfspylje. En de korpsleden hiene harren ferklaaid fan Indiaan, blues brothers, flowerpower, yn amerikaanse flagge-tenue oan’t cowboys and -girls.
 
De reis begûn mei de oankomst yn Manhattan. Der is it in drokte fan belang tusken al dat ferkear en wolkenkliuwers. Yn de staat Oregon wie it wat rêstiger en wie it genietsjen tidens in treinreis troch de natuer. Ek is der troch de fanfare probearre om reinwetter op te roppen, mar misskien hie dêr toch noch in dûns by kinnen foar in better effekt. It bliuw moai droech waar, sadat elts yn it skoft bûten yn de sinneskyn wat drinken nimme koe.
Nei it skoft is de reis fierder gien mei in ‘new world symphony’, in stikje jazz, in besyk oan New Orleans en fansels is Memphis net oer te slaan – op nei Graceland fan Elvis Presley! Ek ha de Blues Brothers fan harren hearre litten en is de reis einige yn Miami mei in flotte mars.
 
Tidens dizze reis is der ek in tuskenstop makke. Want der bin in oantal korpsleden die al in hiel skoft mei de korpsmuzyk mei reizgje. Heech tiid foar in huldiging! Der bin mar leafst 12 leden die in oarkonde en spjeltsje yn ûntfangst nimme meie foar hun jierenlange ynset foar de fanfaremuzyk. Mei elkoar bin se mar leafst 445 jier lid fan in muzykkorps west. Dit kin fansels net ûngemurken foarby gean! De jubilarissen wurde yn it sintsje setten mei in lytse taspraak, blommen en in grut applaus.
 
De huldiging begon mei 25 jier lidmaatskip, dizze eare is foar Joukje Zijlstra.
Dan op nei de 40 jier, hjir bin der 9 leden die dizze eare te bar falt: Durk Siesling, Jacqueline Stoelinga, Marko van Enkhuizen, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Sibe Nijholt, Geert Room en Ate Haagsma.
En dan bin der sels jubilarissen die al 50 jier lid binne: Ada Dijkstra en Johannes Dijkstra.
 
Allegear fan herte lokwinske!
It wurdt jimme gunt!
 
It bestjoer hat harren bêst dyn om neat merke te litten fan dizze huldiging. De ferraste reaksjes fan de jubilarissen bin dan ek sa moai om te sjen. (Wa? Ik? Nee, toch? Bin ik al sa lang lid? Echt wier?)
As fanfarekorps ha wy hartstikke genietsje kint om einliks wer in konsert te jaan.
 
Ek us haadsponser, autobedriuw Sypersma út Easterwierrum, betankt foar it mei mooglik meitsjen fan dit konsert.
Mar wat is no in konsert sûnder in enthusjast publyk?
We wolle it publyk dan ek fan herte betankje foar harren komst. It hat foar ús as korps en foar de jubilarissen in super middei west.
 
Út namme fan it bestjoer fan fanfarekorps ‘Ons Ideaal’,
Sjoukje N. Nauta 
 
 
De jubilarissen f.l.n.r. ûnderste foto:
Johannes en Ada Dijkstra, Ate Haagsma, Durk Siesling, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Geert Room, Marko van Enkuizen en Joukje Zijlstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.
De jubillarissen f.l.n.r. en boppe nei ûnderen boppeste foto:
Durk Siesling, Ate Haagsma, Geert Room, Klaas Jansma, Marko van Enkhuizen, Jeannette Punter, Jaap Mulder,
Joukje Zijlstra en Ada en Johannes Dijkstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.