
Easterwierrum – Op 29 jannewaris wie der yn MFC De Tysker yn Easterwierrum in tige slagge kursus einekoerflechtsjen foar begjinners ûnder lieding fan Bouwe de Groot.
Fûgelwacht Easterwierrum e.o. organisearre de kursus, mar de kursisten kaamen út ‘e hiele Greidhoeke. Yn ‘e grutte seal fan ‘e Tysker wie genôch romte om dit koroanaproof te dwaan en it risseltaat mei der wêze. No mar hoopje dat alle koeren ynkoarten bewenne wurde.
Einekoeren wurde pleatst sa’n 80 sintimeter boppe it wetter of yn in beam, op in rêstich plak en in bytsje út ‘e wyn.
Op ‘e Skille – Nûmer 4 – 15 febrewaris 2022