Hjoed stiet Easterwierrum mei it Berne-iepenloftspul sintraal. It stik hjit Swart/Wyt, dat op skaken slacht. It giet oer in famke dat hiel goed skake kin. It stik is in bewurking fan de film ‘Lang Leve de Koningin’. Miranda Werkman praat mei jong talint dat fansels mei docht oan it Iepenloft.
Fierders praat Douwe Heeringa mei Rintje de Schiffart. Dy fertelt in histoarysk, karakteristyk ferhaal fan Easterwierrum.