Op sneon 17 maart 2018 ha sa’n 100 besykers ‘Easterwierrum op syn moaist’ heard en sjoen. It konsert waard spile yn in moai oanklaaide Tysker troch Hinke Bouma. In tige slagge jûn mei dichter Ids Willemsma en Jappie Boersma, Doarpskoar Easterwierrum, Fanfarekorps ‘Ons Ideaal ‘ en prachtige natoerbylden yn en om Easterwierrum fan Fûgelwacht Easterwierrum. In gearwurking yn Easterwierrum fan de boppeste plank!