logo-ekeEasterwierrum – Nei Kûbaard en Easterein hat no ek Easterwierrum har eigen enerzjy koöperaasje, neamd Enerzjy koöperaasje Easterwierrum of te wol EKE. Ynwenners fan it doarp kinne tsjin in skerpe priis duorsum gas en stroom ôfnimme. Derneist kriget EKE fan de leveransier foar elke klant jierliks in bedrach fan minimaal 75,- euro útkeard. Dit bedrach streamt werom nei it doarp en de leden fan EKE bepale meiinoar oan hokker projekten it sparre bedrach besteed wurde sil. Op moandei 2 maart om 20.00 oere is der foar belangstellenden yn mfc “De Tysker” in start/ynformaasjejûn. Op ‘e Skille, Nûmer 3, 11 Febrewaris 2015