De Grutte Baarderadieltocht luts freed in soad riders. Goed 1200 minsken diene mei oan de toertocht oer 65 kilometer by Easterwierrum en omkriten. De organisaasje hie rekkene op goed 1000. De ekstra drokte soarge net foar problemen op it iis en de tocht is hast sûnder grutte ûngemakken ferriden. Der wie ien slimme falpartij. Der wiene wol wat problemen by it parkearen. In soad minsken setten de auto yn de berm en rieden net nei it offisjele parkearplak yn it doarp. It ferkear moast bytiden lang wachtsje foardat it fierder ride koe.
Omrop Fryslân, 10 febrewaris, 2012 – 15:59
Mear foto’s sjoch http://www.omropfryslan.nl/nijs/baarderadiel-l%C3%BBkt-1200-riders