logo-ekeEKE

Ja it is safier! Us earste EKE ledegearkomste. Dit sil barre op woansdei 9 maart om 20:00 oere yn de Tysker. Op dizze jûn sil der û.o ferteld wurde wêr ’t it bestjoer fan EKE it ôfrûne jier mei dwaande west hat. Hoe it ús slagge is, ien fan de hurdst groeiende koöperaasjes fan de trije noardlike provinsjes, te wurden. Wy ha hjirmei in fyfde plak realisearre.

Sprekker

En wy ha Johannes Lankester as gastspreker útnoege. Johannes wurket as koördinator by Netwerk Duurzame Dorpen en prebearet it belang fan Duorsumens yn eigen doarp ûnder de oandacht te bringen.

Mear informaasje oer EKE