Easterwierrum – Dat der belangstelling is foar de doarpshistoarje bewiist de Histoaryske Kommisje Easterwierrum. De kommisje bestiet krapoan fiif jier en hat ûnderwilens in fêst plakje yn de mienskip ynnommen. Kommende sneon wurdt troch de kommisje wer in noflike jûn organisearre. Neist in film út de jierren sechstich fan de foarige ieu en de presintaasje fan sa’n 250 âlde foto’s wurde dan ek de nije namme en it logo ûntbleate.
Net allinne ynwenners fan Easterwierrum, mar ek âld-Easterwierrumers komme nei de noflikje jûn. Der binne sels minsken, dy’t spesjaal foar dizze jûn nei Easterwierrum komme en yn de buert in oernachting yn in bêd en brochje reservearre hawwe, sa fertelt foarsitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisie.,,Minsken fine sa’n jûn fantastysk.” Om yn de sfear fan it ferline te bliuwen freget de kommisje foar de noflike jûn twa kwartsjes entree. De histoaryske kommisje hat yn de ôfrûne jierren tûzenen foto’s fan Easterwierrum en syn ynwenners garre. Ek binne der âlde brieven, notuleboeken en oare objekten. Sa besit de kommisje twa bysûndere merklappen út 1885/1886, dêr’t motiven op borduere binne. By it leechheljen fan de roomske tsjerke yn Easterwierrum waard yn de klûs allegearre weardefol spul fûn. It gong bybelyks om âlde rekkens en doopboekjes. ,,Mei it spul wolle wy besykje de minsken út it ferline wer in gesicht te jaan”, fertelt Kurpershoek. Hinne Bokma, Op ‘e Skille, 4 maaie 2016, Nûmer 9