Der kinne kaarten besteld wurde foar de allerearste BIS-film en tagelyk de 30e foarstelling fan it berneiepenloftspul. De Tysker yn Easterwierrum sille wy omtoverje ta in echte bioskoopseal. Wat yn 2020 in jubileum wurde moast slagge troch corona net, mar BIS is BIS net as it net yn mooglikheden tinkt en dat hat foar dit bysûndere jier laat ta it meitsjen fan in echte film:
BIS CORP 9021
Jo kinne kaarten foar dizze unike BIS-film bestelle troch it stjoeren fan in mail nei bis.kaartferkeap@gmail.com. Yn dizze mail setto jo wannear’t jo komme wolle en mei hoefolle persoanen. Fan ús krije jo dan in mail retoer mei in rekkennûmer dêr’t jo it bedrach op oermeitsje kinne.
Wy sette jo namme op de list by de oanbelangjende datum. Om’t wy net witte hoe’t de rigeljouwing omtrint corona der yn septimber hinne leit, ha wy foar no in stop by 100 besikers. As we dat oantal berikt ha, komme jo op de reservelist te stean en sille wy jo dêr ek fan op‘e hichte hâlde. Fierder jildt de folchoarder fan oanmelding om ta litten te wurden foar de foarstelling, dus bestel op tiid om wis te wêzen fan in plakje.
As de rigeljouwing feroaret sille wy dêrfan in update jaan fia de ferskillende mediakanalen.
Get your tickets at: www.biscorp9021.com