De Dille is in lânnamme by in ôfslútdyk tusken Raerd en Easterwierrum, de saneamde Krinserearm, yn de gemeente Boarnsterhim.

De namme komt ek foar as slûs, de Dillesyl yn de Swette. De namme ‘dille’ soe weromgean op de betsjutting ‘planke’. In planke wie de maklikste manier om oer in feart te kommen. In barte bestie út in oantal planken oan elkoar fêst en in dealje wie in ekstra swiere planke, dat wurd sit yn ‘dille’.

Allinne de brêgewachterswenning stie yn de gemeente Raerderhim. Alle oare herbergen, winkeltsjes, wenninkjes ensafh. stiene yn Baarderadiel. De Dille wie alhiel orientearre op Easterwierrum.

Yn de Dille stienen eartiids trije iisherbergen: de Dille, de Lytse Dille en de Grutte Dille. By dy lêste, dy’t yn 1928 ôfbrutsen is, waarden yn de tiid fan de trekskippen de hynders wiksele. Faaks brocht de doarpsskipper foar de boeren de tsiis en bûter nei de merke doe der noch gjin molkfabriken wiene. De ferhier fan de lannen fan de tsjerke wie op de Dille.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Grutte Provinsje Atlas Fryslân, Wolters-Noordhof Altlasproduksjes / Afûk, 2000
Karel F. Gildemacher, “Friese Plaatsnamen”, Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, De Dille

De Dille, De Dillezijl
Raerd aan Zee
In fleurich jong famke sa kreas en sa kein, opname: Wijnjeterp, 17-08-1968,
zanger(s): Knevelman-Annema, Froukje

De Dille fia Wikipedia