Ut de neilittenskip fan Aaltje Bonté – de Groot is yn 1960 in fûns oprjochte foar de minder draagkrachtige Easterwierrumers. Troch de gemeentelike fúzje en de stadich ôfnimmende belangstelling hat it fûnsbestjoer yn 2017 besletten om it fûns op te heffen. It oerbliuwende bedrach is oerdroegen oan it Doarpsbelang fan Easterwierrum. It fûnsbestjoer hat tegearre mei it Doarpsbelang kondysjes fêstlein – yn oanslutting op de ynstek fan it legaat – oer de besteging fan de jilden.

Jierlikse besteging:

1.    Stipe fan it skoalreiske Fôlefinne: €12.50 per bern per jier oant op syn heechst €375,-.

2.    Bydrage edukaasje jeugd yn it kader fan sport: €200,- te ferdielen oer de sportferieningen*.

3.    Bydrage edukaasje jeugd yn it kader van muzyk: €300,- te ferdielen oer de muzykferieningen*.

4.    Stipe fan de oplieding betsjinning AED yn Easterwierrum: €300,-.

5.    Stipe fan it reiske 50 plus fan Easterwierrum: €275,-.

*: Easterwierrumer sport- en muzykferienings dy’t yn oanmerking komme wolle foar in bydrage út it fûns kinne dit elts jier foar 1 maart oanjaan by de skriuwer fan Doarpsbelang fia doarpsbelang@easterwierrum.nl. Hjirby graach neame it edukaasjedoel en it oantal jongeren oant 16 jier wêrop de oanfraach fan tapassing is.

De bijdragen wurde jierliks foar 1 maaie troch it Doarpsbelang oermakke. Jilden wêrfoar gjin oanfraach yntsjinne wurdt of dy net folslein bestege wurde, sille nei ynsjoch fan it Doarpsbelang ferdield wurde oer de oare kategoaryen.

Achtergrûn ynformaasje Aaltje Foppes de Groot Fonds