Op 4 novimber wie de teaterfoarstelling Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 mei o.u. Jan en Marijke yn’t multifunktioneel gebou “De Tysker” te Easterwierrum . Sa’n 145 minsken ha in tige slagge jûn hân. Dizze jûn is organisjearre troch de kulturele kommisje.
Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 is in teaterfoarstelling oer in gemiddeld Frysk doarp, dat samar ynienen de kâns krijt om yn 2018 Kulturiel Haadplak te wêzen. Men soe ferwachtsje, dat elkenien yn grutte ienriedigens him der achter set, mar yn de praktyk blykt dat der ûnderling grutte mieningsferskillen binne, sa as dat by Ljouwert KH2018 ek oan ’e hân is.
Mar it giet ek oer ûnderlinge ferhâldingen, persoanlike ferhalen, konflikten en oer hjoeddeiske strubbelingen.
De kollum mei de namme Bokwert is yn de jierren ’70 betocht troch skriuwer / joernalist Rink van der Velde (1932-2001) en waard publisearre yn de Ljouwerter Krante. Hjiryn beskreau hy de doarpsbelanggearkomsten oer in net besteand doarp, dat altyd opbokse moast tsjin de ‘Hoofdplaats.’ It Nederlânsk dat de Bokwerters dêrby brûke stiet stiif fan de frisismes en komt dêrtroch by de minsken hilarysk oer.
Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 is tagelyk de kronyk fan in Frysk doarp, oer hoe’t it wie en hoe‘t it is en dêr’t itmienskipsgefoel ûnder druk stiet troch nijmoadrige ynfloeden. It is humoristyske foarstelling mei tragykomyske eleminten, skreaun troch Bonne Stienstra, spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma, dy’t elk trije rollen foar harren rekken nimme en gastspylster Anneke Hondema, ûnder de rezjy fan Bruun Kuijt.
Wolle jo der noch hinne, dan kinne jo de teaterfoarstelling noch sjen yn Goutum, Brantgum, Damwâld, ‘t Hearrenfean, Balk, Ljouwert, Winaam, Drachten, Jirnsum, Boalsert, De Gerdyk, Hijum en Frentsjer.
Mear ynformaasje sjoch dan op jmteaterwurk.nl
Foto’s Geart Siesling