In rêstich jier: dat is wêr’t boeren Arjen en Wietske Schoustra fan Easterwierrum op hoopje. Nei alle opskuor en protestaksjes yn 2019 soe it moai wêze as der takom jier wat mear dúdlikheid komt. “Wy hoopje op in lange termynfisy fan de oerheid, sadat wy as boeren witte wêr’t wy oan ta binne.”

As Arjen en Wietske weromsjogge op 2019 stekt ien dei der mei kop en skouders boppe-út. “De dei dat wy mei syn allen nei it RIVM yn Bilthoven west ha”, fertelt Arjen. “Dat wie sa ferskriklik yndrukwekkend. Underweis seagen wy sa folle minsken op en lâns de dyk, dy’t ús stipen. Dêr krijst pikefel fan.”

Gefoel fan ‘argwaan’

Nettsjinsteande de massale opkomst hold Arjen gjin goed gefoel oer oan it protest by it RIVM. “De direkteur waard benaud en doarde syn ferhaal net te dwaan. Dat fersterke ús gefoel fan ‘argwaan’. Gelokkich is der wol útkaam dat it RIVM har resultaten iepenbier meitsje moat. Ik bin hiel benijd wat dêr útkomt.”

Ien ding ha alle protesten wol opsmiten: der is mear ‘saamhorigheid’ tusken de boeren ûntstien. “Dat is best bysûnder”, fynt Arjen. “In boer is in yndividualist en buorket foar himsels. Mar wy hiene mei ús allen it gefoel dat wy ôfservearre waarden. Fandêr dat wy sa massaal aksje ûndernaam ha.”

Frustraasje

Nei al dy protestaksjes is it no tiid foar rêst. Wietske: “Wy binne wol oan in rêstich jier ta. 2019 wie it jier wêryn’t ús amer oerrûn. It wie in amer dy’t al fol siet, want de agraryske wrâld leit al folle langer ûnder fjoer.” “It wie in opkroppe frustraasje fan elkenien”, fult Arjen oan. “Us teloarstelling yn de oerheid is ferskriklik grut. It iene momint krije jo in hânrikking om út te wreidzjen en trijekoart jier letter krije wy de fosfaatrjochten en stikstofmaatregelen op ús dak. Frustrearjend.”

Trochsette

Wietske: “Wy besykje in stip op de hoarizon yn sicht te hâlden. Mar sa’t it it ôfrûne jier gong, wiene wy dy somtiden gewoan kwyt. Dan wurdt it buorkjen dy ûnmooglik makke. Dan is it de keunst om by dysels te bliuwen.” Oan ophâlden tinkt it stel noch lang net. Arjen: “Dit is ús libben. Wy sette troch yn 2020.”

Bron: Omrop Fryslân, 31-12-2019 9:58 oere.