Op 11 april wie boargemaster Jannewietske de Vries op wurkbesite yn Easterwierrum. Se krige in bysûnder kado oanbean fan Frank Jorna, foarsitter fan pleatslik belang: It gedicht dat RIXT-dichter Henk Nijp oer it doarp skreau foar de kulturele happening Us Festival op 9 maart yn Easterwierrum. Moai dat der doarpen binne dêr’t se har dichters heechhâlde! En dat der boargemasters binne dy’t dat wurdearje kinne. Hjir kinne jo it gedicht fan Henk nochris neilêze. https://rixt.frl/2019/03/10/easterwierrum/