Ofskie fan ’t ûnderwiis, nei 46 jier Juffer S. Reinalda waerd mei gouden medalje eard.

Noch nea yn de 46 jier, dat hja foar de klas stien hie, hie juffer S. Reinalda te Easterwierrum,  har lokael yn sa’n tastan foun as justerjoun. Wis, de Sinteklazetenening stiene jit op it skoalboerd en de berneskilderijkes hingen jit oan ‘e muorre. Ek de earelist fan jonges mei feiten as: “24 febr. – Eerste lijsterzang gehoord – H. van der Veen en 4 mei – Eerste koekoekzang gehoord . . . derop hong der jit. Mar de banken wiene allegearre út it lokael helle en der stiene nou lange feesttafels. De jonges – foar juffer Reinalda yn alle gefallen jit jonges — sieten mar deagemoedereard grouwe segaren te smoken. En der wiene forskate frjemde hearen yn bar lokael: de boargemaster fan Baerderadiel, mr. L. G. Boelens, de gemeentesiktaris, de hear F. Tjaberings en de ynspekteur by it leger ûnderwiis yn ‘e ynspeksje Ljouwert, de hear K. Elzinga. Allinne „de famkes” – lykas „de jonges” ek net sa jong mear – sieten fûleindich te breidzjen en fortsjinnen dizze joun wol in njoggen op flyt.

Doe’t juffer Reinalda juster sa yn har lokael kaem, wist hja noch net, hwer’t al dizze geheimsinnige drokte foar bidoeld wie en hwerom as al dy âlden en âld-learlingen hjir mei sokke feestlike gesichten byinoar sieten. Mar yn de rin fan de joun waerd it har allegearre dúdlik.

De foarsitter fan ‘e âlderkommisje. de hear D. Schouwstra,” hytte earst eltsenien wolkom. Doe krige de boargemaster it wurd. Hy sei, dat dizze gearkomste wer draeide om juffer Reinalda, lykas yn 1953, doet hja spontaen huidige waerd troch de Easterwierrumers om’t hja fjirtich jier ûnderwizeres west hie oan ‘e iepenbiere skoalle yn Easterwierrum. Yn it foarste plak wie dizze gearkomste bidoeld om offisjeel ôfskied to nimmen fan juffer Reinalda. Hja is nammentlik krekt 65 jier wurden en soe mei yngong fan 1 desimber mei pensioen gean. Der wie lykwols gjin nije ûnderwizeres to krijen en dêrom hat hja bisletten om jit tydlik to bliuwen oan 1 septimber 1957 ta. Juffer S. Reinalda

De boargemaster fortelde doe ien en oar oer de libbensrin fan juffer Reinalda. Yn 1910 helle hja de ûnderwizersakte. Hja kaem earst efkes yn ’t Heidenskip en dêrnei fan 1911 ont 1913 yn Húns. Yn 1913 waerd hja ûnderwizeres oan ‘e iepenbiere legere skoalle te Easterwierrum – har berteplak – mei in oanfangssalaris fan seishûndert goune. Hja is der altiten bleaun – nou al 43 jier.

De boargemaster sei, dat juffer Reinalda har altiten kinne litten hie as in minske, dy’t fêst haldde oan ienfáld. Ut har wurk yn Easterwierrum hie men al dy jierren har trou en leafde oan it ûnderwiis sjen kinnen. En doe fertelde de boargemaster, hwer’t er foar kommen wie en hwerom men dizze joun bilein hie. Hy moast juffer Reinalda de gouden medalje by de Orde fan Oranje Nassau útrikke.

Nei’t de boargemaster dizze ûnderskieding opspjelde hie kamen ûnderskate sprekkers oan it wurd, û.o. de hear D. Schouwstra, foarsitter fan ‘e âlderkommisje, ynspekteur Elzinga en de hear T. van Manen, haed fan ‘e iepenbiere skoalle te Easterwierrum. Ut har wurden die it bliken, dat hiel Easterwierrum tige op ’t snjit wie mei dizze hege ûnderskieding foar de juffer, dy’t hiele generaesjes Easterwierrummers op ‘e skoalbanken hawn hat.

Leeuwarder Courant, 05-12-1956