‘Into the Woods’ wurdt ‘Troch de Raarder Bosk’

EASTERWIERRUM – Tritich bern fan groep 7 en 8 út Easterwierrum en omkriten hawwe audysje dien en dogge mei oan it berneiepenloftspul, wat healwei juny opfierd wurde sil.

‘Troch de Raarder bosk’, in oersetting, basearre op de film ‘Into The Woods’ sil spyle wurde. Wer’t yn 2020 it 30e berneiepenloftspul net troch gean koe, kinne we dat lokkich yn 2022 wol wer oppakke en moatte wy dit jier efkes troch de Raarder Bosk. Kinne jim dy útdrukking, “efkes troch de Raarder Bosk moatte”? As je earne benaud foar binne, gjin sin oan ha, as je net doare, koartsein, as je earne tsjinoan skytskoarje, dan moat je efkes troch de Raarder Bosk!

Ek de (nuvere) figueren dy’t wy yn it Raarder Bosk moetsje skytskoarje earne tsjinoan. Elk op harren eigen manier. Wie it libben mar in mearke, dan rûn it altyd âf mei ‘en sy libben noch lang en lokkich’.

Want alle goeie ferhalen bínne mearkes. Ferhalen dêr’t minsken, lykas do en ik, troch de Raarder Bosk hinne moatte om har doel te berikken. Mar wat as dizze lju ut’e mearkes sels in paad troch de Raarder Bosk hinne wrakselje moatte? Heksen en boaze wolven lizze oeral op de loer… mar der bin ek prinsen en moaie famkes mei lang hier. En dêr’t oan ‘e iene kant út klearebarre earmoed de lêste ko ferkocht wurde moat, komt oan ‘e oare kant it goud út ‘e himel. It is in kombinaasje fan de bekende mearkes fan Jiskepûster, Raponsje, Sjaak en ‘e beanestaak en it ferhaal fan de Bakker en syn frou, dy’t wanhopich nei in bern langerje. Spitigernôch binne sy troch in heks ferfloekt, sa’t sy gjin bern 

Troch de Raarder Bosk is basearre op de Amearikaanske musical “Into the Woods”, dy’t al sûnt 1986 oeral yn ‘e wrâld opfierd wurdt en in pear jier ferlyn súksesfol ferfilme is. Dat wolst sjen!

It artistyk tiim bestiet dit jier út Joke Krist foar de muzyk en trije nije minsken. Jelke Rijpma en Gerwin de Vries binne de nije regisseurs en Geronimo Chancoso giet mei de dûns oan ‘e slach. Jelke Rijpma en Gerwin de Vries binne akteurs en teaterdosinten by Tryater. Geronimo Chancoso is ôfstudearre yn ‘e sounddesign en is dûnsdosint. It stik is bewurke troch Peter Sijbenga en hy hat ek de muzyk en de lietteksten skreaun.

We meitsje der wer in machtich, prachtich moai BIS jier fan lykas wy dat al mear as 30 jier dogge! It sil heve op 16, 18, 19, 22, 24 en 25 juny en wy hawwe der no al nocht oan. De kaartferkeap begjint op 1 maaie 2022 fia www.berneiepenloftspul.nl.