Ja, jimme lêze it goed… Berneiepenloftspul spilet yn 2021. Dat it oars as oars wurdt, dat is seker. It is net wat jimme fan ús wend binne. Mar troch alderhande kreative ideeën en útdagingen binne wy ta in nije mylpeal foar BIS kommen: In FILM!

Hoe, wat, wêr en wannear? Dêr komme jimme gau genôch efter.

De repetysjes binne al in pear wike oan de gong, earst online en de lêste wiken oefenje wy ek al mei-inoar. Wy binne dan ek tige bliid dat wy nei it skrassen fan de foarstellingen fan ferline jier ek dit jier wer de kâns krije om te spyljen. De bern dy’t ferline jier ek  by de foarstelling belutsen wiene, binne dit jier fol fjoer oan’e slach gongen mei de nije spilers as echte akteurs op it wite doek. 

lês it hiele ferhaal op de side fan BIS