It is wer safier! BIS (it Berne Iepenloftspul) spilet dit jier it teaterstik Macbeth fan Skotlân State yn Easterwierrum.

De seis foarstellingen sille spile wurde fan 20 oant en mei 29 juny.

Wy hoopje dat jimme dit jier wer in prachtig iepenloftspul te bieden en Easterwierrum dêrmei wer efkes op de kaart te setten.

De generale repetysje op tiisdei 18 juny is foar ús in spannende jûn. De spilers, de assistinten efter it dekor en de katering brûke dizze jûn allegear om proef te draaien.

Wy wolle jimme, de ynwenners fan Easterwierrum, fan herte wolkom hjitte op dizze jûn. Wy geane los om 20.00 oere.

De yntree is 5,00 euro + 1 konsumpsje ( foar alle Easterwierrumers )

Graach oant sjen!   

 

Dan ha wy noch in fraach:

Om ’t wy graach wolle dat it iepenloftspul ek wer fan hiel Easterwierrum is en jimme in wichtige ( doch lytse ….;- ) taak krije kinne om in geweldich effekt te kreëarjen foar’t de foarstelling begint en nei de tiid. Wolle jo ús helpe om de sfear fan de foarstellingen al foar it begjin fan de foarstellingen yn gong te setten? Hoe?

Troch jo kontêners foar 19.00 oere by de dyk te setten en dizze tusken 21.30 – 22.30 oere wer fuort te heljen (dat jildt foar de jûnsfoarstellingen op 20, 22, 28 en 29 juny).

Op snein 23  juny en woansdei 26 juny soe dat dan foar 14.00 oere wêze en tusken 16.30 en 17.30 oere dan graach wer fuort helje.

Mochten jo se net op tiid wer binnen sette kinne, gjin noed, set se dan dochs by de dyk!

As ekstra soenen jo ek ôffalpûden neist de kontêners sette kinne of yn jo tún in ferdwaalde ôffalpûde delsette kinne.

De bern fan it BIS binne jo geweldich tankber en hoopje jo te sjen by de generale fan kommende  tiisdei. It sil dan ek, wol dúdelik wurde wêrom’t dit sa wichtich is kwa belibbing fan ‘e foarstelling.

Bestjoer Berne-Iepenloftspul