Omrop FryslanDer moat gewoan om ljipaaien socht wurde. Alle aaien dy’t fûn wurde moatte dan útbret wurde yn in spesjale briedmasine. Mei dat idee tinke Sape Miedema en syn soan Wierd fan Easterwierrum de ljip rêde te kinnen. Se hawwe hjirfoar in plan opsteld. Yn dat plan wurdt ek sprutsen fan apart ynrjochte fjilden spesjaal foar de ljip. Ek soene der sammelplakken komme moatte, dêr’t aaisikers de aaien hinnen bringe kinne.

Omrop Fryslân, 31 Jannewaris 2016 – 14:29, Ljipaai komt út – Foto: Henk Bootsma