Frysktalige toanielfoarstelling Us Man
Skriuwer: Youp van ’t Hek
Fryske oersetting: Gurbe Dykstra / Marijke Geertsma
Rezjy: Jan Arendz
Spilers: Anneke Hondema, Titia Huisman, Wybe Koldyk
Muzyk: Sake Hylkema
Produksje: Stichting Breinroer
Kaarten bestelle by Tryntsje van der Meer 058 2501838
Us Man is in tige humoristysk twalûk oer froulju dy’t werom- en foarút sjogge op harren relaasje.
Yn diel ien riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: de froulju binne namentlik allebeide de eks fan deselde man, dy’t no op ’e nij trouwe sil.
Yn diel twa sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún.
Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fenyn en de humor wurdt de betizing folslein.