Wolkom op Easterwierrum.nl, de webside fan it doarp Easterwierrum. Of Oosterwierum op syn Nederlânsk, in moai lyts doarpke yn de gemeente Súd-West Frylân (foarhinne de gemeente Littenseradiel).
Easterwierrum is bekend fanwege de Âld Toer, de 12-ieuske tsjerketoer mei it moaie tsjerkhôf op in terp krekt bûten it doarp. Mar ek it doarpshûs de Tysker is de muoite wurdich.
En, al jierren is it yn juny in drokte fan belang as it publyk manmachtich op it Berne-Iepenloftspul ôfkomt. En as der in Elfstedentocht op redens is, of mei kano’s, of hoe dan ek, dan komt dy troch of lâns ús doarpke.

Easterwierrum, libje foar en mei elkoar!
Oosterwierum, leef voor en met elkaar!

OM ‘E ALD TOER

Omealdtoer032024