Op weromblik fine jo bysundere foto’s en ferhalen fan eartiids dy’t te meitsjen ha mei Easterwierrum!

Hast wykliks wurde der troch de Histoaryske Kommisje “De Easterwierrumer Freonerûnte” nije saken op weromblik setten. Weromblik wurdt hieltyd grutter mar derom ek bliuwend nijsgjirrich foar in protte minsken! Wy binne altyd op syk nei nije foto’s, dokuminten en oare bysûndere saken oangeande Easterwierrum. Foar mear ynformaasje ferwize we jo graach nei it kopke Histoaryske Kommisje. Fragen, dan kin jo in berjocht stjoere nei kopij@easterwierrum.nl. De Histoaryske kommisje is ek fia facebook te berikken.

In soart ynformaasje oer Easterwierrum, sjoch ek ris op www.delpher.nl, www.friesfilmarchief.nl, YouTube of by www.byldpunt.nl de byldbank fan gemeente Littenseradiel wer foto’s, prints of films te sjen binne.