Oan de Hegedyk (fan de Froonackerdyk ôf oant komgrins Easterwierrum) soene nije wike wurksumheden begjinne. Dy wurksumheden begjinne no al earder: hjoed 6 juni 2017. We ferwachtsje dat it wurk dan rûnom 21 juny 2017, ek in wike earder as plend, wer klear is.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder, mar ek letter klear wêze.

Berikberheid

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Bewenners yn it wurkfak wurde neier ynformearre oer de berikberheid. De oan it wurk grinzjende wenningen binne ûnder de wurksumheden berikber foar helptsjinsten.

Kontakt

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch Schagen Infra bv út Hasselt. Foar de deistige gong fan saken, kinne jo kontakt opnimme mei de útfierder fan it wurk, Dennis Eefting fan Schagen Infra bv, tillefoan: 06 – 10 13 26 24.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear S. Fluitman, berikber op tillefoannûmer 14 0515.