Skiednis | Easterwierrum

Skiednis

 

Jubileumboek Ons Ideaal

Yn it ramt fan it hunderd jierrich bestean fan fanfarekorps "Ons Ideaal" yn 2009 is in jubileumboek makke. Yn it boek stean wichtige foarfoallen fan it korps en it doarp Easterwierrum sintraal. Yn it boek stean in protte nijsgjirriche kiekjes, mar ek bydragen fan pommeranten, doarpsgenoaten, direkteuren en (âld-)korpsleden. It boek is sawat 70 siden dik en kostet mar € 10. It boek is mei mooglik makke troch stipe fan de middenstân yn en om Easterwierrum hinne.
Hawwe jo ynteresse foar 100 jier "Libje foar en mei elkoar"? Jo kinne in eksimplaar fan dit unyke boek bestelle by Jacqueline Stoelinga (mail: ynformaasje@easterwierrum.nl ). Tsjin portokosten kin it boek ek tastjoerd wurde.
 
 

Âlde Foto's

Der steane sa'n 60 âlde swart-wytfoto's fan Easterwierrum online út froeger tiden.
 
 

Âlde Toer, do bist fan waarde...

It folksliet fan Easterwierrum, as .mp3! (om het bestand op te slaan, klik rechter muistoets en kies "opslaan als")

De opname is fan 28-09-1993 yn de RDS Studio fan Rein Zwerver yn Snits en makke troch:
 
Begelieding:
Coos Kuindersma - akkordeon en keyboard
Johannes Dijkstra - drums
Rein Zwerver - synthesizerbas
Yeb Boersma - gitaar
 
Sang:
Evert P. Boersma
Ytsje Langenkamp
Marieke Boersma
Yeb Boersma

En Om thús te oefenjen, de tekst fan it folksliet fan Easterwierrum.

 

Easterwierrum, lyts mar warber. Yn de 17de ieu wie it doarp al ferneamd om syn hynstemerk. It plak oan de Swette healwei Snits en Ljouwert makke dat der in libbene hannel wie, en de Dille wie ferneamd om syn Iisherberch. De kearn fan it doarp lei net altyd op itselde plak. Eartiids wie dat op Tsjerkebuorren, noardlik fan it hjoeddeistige plak. Mar yn de 19de ieu waard dat foar in grut part ôfbrutsen en by de krusing wer opboud omdat dêr al de drokte fan it ferkear en de skipfeart wie. Allinne de pleatsen steane der noch en dy binne foar it grutste part ek noch yn bedriuw.

De terpgrûn waard ôfgroeven en ferkocht en ek de tsjerke hat it net oerlibbe. Mei de grutste muoite is foarkommen dat ek de toer ôfbrutsen wurde soe. No is dit oerbleaune stikje terp in ferneamde toeristyske attraksje. Foar de Easterwierrumers is it ek in wichtich plak. Net allinne om it hôf, mar it is ek sa’n moai rûntsje om te rinnen: Tsjerkebuorren om, seker no’t der in fytspaad lâns de dyk leit. Ús platte wrâld sjocht der ynienen hiel oars út fan in hichte ôf.

 

Ferhalen út oerbeppe har tiid

Rintje de Schiffart hat yn oantal prachtige ferhalen skreaun oer it âlde Easterwierrum.
Oosterwierum voor 1900
Run om de Ald Toer
Veehouders van Voorheen
Uit de oude doos
 
 

Contact
Anneke Monsma: Foarsitter
Tryntsje v.d. Meer: Secretaris
Jo-Albert Kooistra: Ponghâlder
Auke de Vries
Stephan Kurpershoek

Algemene vragen
ynformaasje@easterwierrum.nl

School- en Dorpskrant Om 'e Ald Toer
Voor het insturen van kopij of vragen kunt u mailen met: omdealdtoer@easterwierrum.nl

 

Wêr leit it? | Sitemap | © Easterwierrum.nl