Ús tafeltennisklup MTV’14 komt út yn de earste klasse fan Fryslân en hat ôfrune freed de earste wedstryd mei 8-2 ferlen yn Drachten. Kommende freedtejûn 22 septimber stiet der revanche op it programma, tsjin Delta Impuls 2 út It Hearrenfean, fan 20.00 oere ôf yn MFC De Tysker.

Ús treningsjûn is eltse woansdei fan 20.00 oere ôf oant plusminus 21.30 en dêr is eltsenien fan herte wolkom, fan recreant oant wedstrydspiler. Wy hawwe sân tafeltennistafels dus der kinne in soad minsken meidwaan. Kom marris sjen, proefdraaie kin twa kear fergees.

Ús oare thúswedstriden yn MFC De Tysker binne dizze kompetysje op freed 22 septimber, fan 20.00 oere ôf oant plusminus 22.30/23.00 oere, dan komt Delta Impuls 2 op besite.

Freed 6 oktober tafetennisje wy fan 20.00 oant 22.30/23.00 oere tsjin Dokkum 2. Freed 3 novimber komt it earste team fan de tafeltennisklup fan Drachten op besite, fan 20.00 oere ôf.

Op freed 17 novimber binne wy gasthear fan FTTC 3 út Frjentsjer en de freedtejûn fan 1 desimber is de lêste (thús)wedstryd fan de kompetysje en dan witte wy as wy ús hânhavene hawwe as net. Yn febrewaris it oare jier begjint dan wer de nije kompetysje yn deselde as yn in oare klasse. En fansels: wy geane derfoar :-)! Hatsekidee!