De keatstraining fan Dirk Jan van der Woud mei syn soan Wessel sit der wer op foar dit jier.

Op tiisdei 11 july fan 16.00 – 18.00 oere, wie de lêste training foar de bern fan de Fôlefinne út Easterwierrum. Fanôf begin maaie is de keatstraining starten. Elke kear wiene der sa’n 30 bern te keatsen. Ferdield oer twa groepen.

De bern ha it tige nei hun sin hân en ha moai wat leard fan it keatsspul. Oan it ein fan de lêste training ha de bern noch in ferrassing krigen.

Dirk Jan van der Woud en soan wurde bedankt foar de keatstraining yn Easterwierrum namens Keatsferiening Easterwierrum en âlders.

Graach tot folgend jier :-).