Op 24 juny 2017 hiene wy iepen dei op it hôf. Belangstellenden krigen de gelegenheid om de grêfstiennen yn de toer te besjen, dy’t no moai rom en skjin is. Der kamen hiel wat minsken op ôf, al wie it net it moaiste waar. En se kamen oeral wei: Enschede, Deventer, Âldemardum… Om’t de treppen fernijd wiene, koene de minsken ek nei boppen en dat diene se hast allegear, guon sels oan it flaggemêstlûkje ta. De earste ljedder wibelet no ek net mear sa, dat it gie in stik nofliker.

We hawwe trouwens gjin 14de-iuwske, mar 16de-iuwske stiennen; ik hie by ien 1593 foar 1393 oansjoen, mar dêr kamen gelokkich gjin klachten oer. Der binne wol hiel wat foto’s makke.

Stichting Begraafplaats Easterwierrum

Foto’s binne makke troch Tryntsje van der Meer