Folgende wike is it sa fier! (22 oant en mei 29 july) giet Spulwike 2017 wer fan start! Dit jier ha we jubileum want Spulwike bestiet 45 jier en it tema fan dit jier is Midsiuwen. Fansels ha wy as stifting en (haad)lieding der alles oan dien om der in fantastyske wike fan te meitsjen foar de bern!

Omdat Spulwike dit jier 45 jier bestiet organisearje wy op de freed fan Spulwike een ekstra dei mei alle bern tageliek, dit sil plak fiene yn Winsum.

Krek as ferline jier komt it podium en tintsjes op de gemeentegrûn tusken Cofri Miedema en de Tysker yn plak fyn’e sil (krekt as it Berne Iepenloftspul), de spultsjes mei de bern fyn’e wol gewoan op it sportfjild plak.

Wy hoopje fan herte dat jim as omwenners krekt san geweldige wike ha as de bern. Mochten jo fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes skilje mei ien fan ús.

Foarsitter: Sybren Beert de Jong (06-18553797 / easterwierrum@spulwike.frl)

Skruiwster / Ponghâldster: Marije de Vries (06-22379242)

Mei freonlike groetnis,
Spulwike Easterwierrum