Easterwierrum, lyts mar warber. Yn de 17de ieu wie it doarp al ferneamd om syn hynstemerk. It plak oan de Swette healwei Snits en Ljouwert makke dat der in libbene hannel wie, en de Dille wie ferneamd om syn Iisherberch. De kearn fan it doarp lei net altyd op itselde plak. Eartiids wie dat op Tsjerkebuorren, noardlik fan it hjoeddeistige plak. Mar yn de 19de ieu waard dat foar in grut part ôfbrutsen en by de krusing wer opboud omdat dêr al de drokte fan it ferkear en de skipfeart wie. Allinne de pleatsen steane der noch en dy binne foar it grutste part ek noch yn bedriuw. De terpgrûn waard ôfgroeven en ferkocht en ek de tsjerke hat it net oerlibbe. Mei de grutste muoite is foarkommen dat ek de toer ôfbrutsen wurde soe. No is dit oerbleaune stikje terp in ferneamde toeristyske attraksje. Foar de Easterwierrumers is it ek in wichtich plak. Net allinne om it hôf, mar it is ek sa’n moai rûntsje om te rinnen: Tsjerkebuorren om, seker no’t der in fytspaad lâns de dyk leit. Ús platte wrâld sjocht der ynienen hiel oars út fan in hichte ôf.