|
De Tysker is it doarpshûs fan Easterwierrum. It is boud yn 2003/2004 mei help fan in soad frijwilligers. It doarpshûs bestiet út in grutte seal dy’t op te dielen is yn twa parten, plus in kafeegedielte en in fergaderromte. Fierder binne der twa klaaikeamers en in opberchromte op souder. De Tysker leit moai oan it sportfjild oan de westkant fan it doarp.
De Tysker, in moaie, mar wat frjemde namme, tinke jo? No, de Easterwierrumers hawwe as bynamme "de hynstetyskers", dat sa frjemd is it net.
Ús doarp wie ieuwenlang tige ferneamd om syn hynstemerk. Elk jier yn juny kamen de boeren út de wide omkriten nei Easterwierrum ta om hynders te keapjen foar it wurk yn de ûngetiid (it ynheljen fan it hea). As iennichste yn de gemeente hiene wy yn it doarp sels in 'perdekoper' te wenjen.
En wat ek hiel bysûnder wie: wy hiene hjir mar leafst fiif kastleins! Dat der wie doe al aardich leven yn 'e brouwerij...
Op de hynstemerk rûnen de hannelers (de hynstetyskers) achter de hynders en fiteren se oan mei help fan in swipe (de tysker).
Troch ús doarpshûs nei de (hynste) tysker te neamen, hoopje wy dat wy hjir ek stimulearre wurde om yn beweging te kommen: it mei-elkoar dwaande wêzen om wat moais te meitsjen, op alderhanne mêd.
Foar it bouwen fan dit prachtige doarpshûs wie de swipe alhiel net nedich, want alle ynwenners hawwe spontaan har stientsjes dêrta bydroegen!
Net foar neat is it motto fan de Easterwierrumers: Libje foar en mei-elkoar!
|
| |
Wij zijn op zoek naar nieuwe barvrijwilligers! Lijkt het je leuk om af en toe achter de bar te staan in de Tysker, of heb je vragen, neem dan contact op met iemand van de beheerscommissie.
|
|
|
|
|
|
|
|
| |
|
Feike Zijlstra
Gerben Boersma
Julius Galama
Afke Terra - Altenburg
Sylvia de Groot
Tim van Vegten
Marianne Visser
|
|
|
|
|
|
|
|