Op 3 novimber 2016 ha de gebr. Swierstra út Weidum in 17de-iuwsk oerwurk yn de Âld toer fan Easterwierrum pleatst. Dat frege sekuer wurkjen fan de mannen, mar it gie foar wûnder. It bysûndere oerwurk stie eartiids yn de tsjerke fan Iens en is letterlik én figuerlik by Dokkum om yn Easterwierrum belâne. It wie foar de Stichting Begraafplaats Easterwierrum te kostber om it te restaurearjen, mar wy woene it, yn gearwurking mei de Stichting Behâld, wol graach in moai plakje jaan. It is foar belangstellenden goed te besjen, om’t de soudersflier iepenmakke is. En as de romte ûnder yn de toer skielk leechhelle is, binne ek de fraaie 16de- en 17de-iuwske grêfstiennen wer sichtber.
Wilens is der yn juny wol in elektryske klok boppe yn de toer kommen, mei in wizerplaat op it easten. Alle (heal)oeren slacht er en boppedat liedt er ek om 8, 12 en 18 oere.