Op 31 jannewaris 2015 spyllet it selsskip ‘Hy en Sy it stik “Alles op Oarder” yn De Tysker yn Easterwierrum.

Alles op oarder is in muzykfoarstelling oer de feroarings yn de hjoeddeiske maatskippij en wat dat mei ús docht. It iene is noch mar amper útfûn en dan wurdt der al wer wat oars betocht. Hoe moatte wy dat byhâlde?

Spul en sjongen: Greetje Wiersma-de Groot en Hette van der Wal

Muzikale begelieding: Bert Ponjee (gitaar), Jelmer van der Wal (Basgitaar), Piet Commandeur (Akkordeon) en Klaas de Jong (drums)

Kaarten yn de foarferkeap binne € 10,- en te reservearjen by Tryntsje van der Meer op tillefoannûmmer 058-2501838 of fia de mail; tryntsjevdm@hetnet.nl Oan de doar bin de kaarten € 12,50. Ynrin fanôf 20.00 oere. Oanfang 20.30 oere.

Persbericht na première – Nederlands

Parseberjocht nei premjêre – Frysk

Flyer_Alles op Oarder