24 juny 10.00-15.00 oere

De Âld Toer is al iuwen in beaken yn it lânskip en wurdt hast alle dagen op de foto set. Fanbinnen is er lykwols ek ynteressant: fraaie 16de-17de iuwske grêfstiennen, dy’t ferwize nei de tiid dat Easterwierrum ferneamd wie om syn hynstemerk, en in 17de-iuwsk oerwurk.

Sûnt in jier sit der ek wer in wizerplaat op de toer, no oan de eastkant, en klinkt it lûd fan de klok alle oeren en healoeren. Wa’t doart, kin hielendal nei boppen om dy klok te besjen.

Stichting Behâld hat it glês-yn-leadrút restaurearje litten, twa treppen binne fernijd, balken ferstevige, der is foege en skildere en der is nije liedmotor en in nije bongel (klepel) by de klok kommen. 

Koartsein, sjoch ris yn de toer!

Namens Stichting Begraafplaats Easterwierrum (SBE)
Webside Stichting Begraafplaats Easterwierrum (SBE)

Histoaryske ynformaasje Âld Toer
Weromblik – Sint Nicolaas kerk / Âld Toer