Do Komst op 1 july 2017, fanôf 20:00 oere, mei muzyk fan Hotstop en DJ Erik.

Entree € 10, – (legitimaasje ferplichte).
Der is genôch gelegenheid om te parkeren, yn ‘e omkriten fan it plein.

Let op: Fan 20:00 tot 21:00 oere; 2 bier = 1 munt.

Do Komst is begûn yn 1985, opset troch in groep freonen. Doe noch hâlden yn’ e loads fan Boubedriuw Bootsma, mar sûnt 2000 midden op it plein fan Easterwierrum. En sûnt 2005 yn in tinte, sadat Do Komst net ôfhinklik fan it waar is.

Yn 2009 hie Do Komst har 25 – jierrich jubileum. Dat wie foar it âlde bestjoer in moai momint om it stokje oer te dragen oan in nije ploech. Sûnt 2010 organisearret in nije groep fan acht jonge minsken, dy’ t sels al jierren fêste besiker fan Do Komst binne, foar it earst dat fantastyske feest!

Do Komst 2017 wurdt wer fantastysk, dus do bist der!

Mear ynformaasje sjoch dan op www.dokomst.nl en facebook, of folgje Do Komst op Twitter of Instagram